IT SKETTENSER

DOARPSLIET                           Tusken bou en griene greiden

wize: Eala fria Fresena                             Leit it doarpke mei syn toer

                                                          Mei de húzen en de skoallen

                                                          Eaget men de fjilden oer

                                                          Sjocht men 't fé sa fredich gean

                                                          En de pleatsen rounom stean.

Tusken Ofslútdyk en Boalsert

Mei it stedsje tige nei                            Minsken sjong,.........

Leit ús moaije doarpke Skettens

Tichte by de greate wei.                        Warbre minsken dy't hjir wenje

Hwer ik stean of hwer ik bin                 Dy't de tiid fan nou forstean

Skettens is my faek yn 't sin.                   Driuwe saken dy't goed leanje

                                                          Derom oeral hinne gean

Minsken sjong, minsken sjong,                     't Wurk soms hawwe tichteby

minsken sjong 't nou dan ek mei                   Mar faeks ek om útens krij.

Minsken sjong, minsken sjong,

Skettens leit ús tige nei.                              Minsken sjong,........

 

Tusken nou en 't lang forline                  Skettens is ús thús en libben

Dat it doarpke hjir sa stie                       't Wennet der ek och sa goed

Eartiids boud op hege terpen                 Tusken freon en tusken sibben

En der wetterkearing wie.                      Mei syn wille en syn noed

Mochten ieuwen hinne gean                   Dy forjitte doch ik nea

Skettens bliuw hjir noch bistean.             Doarpke yn it Fryske gea.

 

Minsken sjong,........                                   Minsken sjong,.........

 

Volgens mededeling N. Boersma, geschreven door Ietje Attema, vrouw van Harmen Boersma.

Ten tijde van reunie van Schettens-Longerhouw in 1979 geschreven.