ARTIKELS


Osinga state to Skettens

 

Uit: knipselmap boerderijen in het Ryksargyf te Leeuwarden
Nr. 489

 

Osinga state komt yn de floreenkohieren fan Skettens foar under nu. 8 en nu. 9. mei in hoarnleger sunder hus. Sadwaende kaem Osinga state yn it stimkohier foar mei twa stimmen en wol de nus. 1 en 6.

Yn 1640 wie eignerske juffr. Tjemk van Osinga
Nu. 9 Gerlof Heeres Minnema en Tjemk van Osinga.

1698 no. 8 de wed. van capt. de Vries tot Leeuwarden voor de helfte en de wed. en erfgen. van Dirk Lammerts.
Nu. 9 Gerlof Heeres Minnema en Tjemk van Osinga.

1700 no. 8 Vrouwe van Aysma eignerske en bruker;
nu. 9 selde eignerske; Sjoerd Douwes bruker.
Tjemk of Tymck van Osinga troude to Bitgum mei Schelte Hothjes van Aysma

Fan 1708 oant 1738 wurdt as eignerske neamd mefr. Anna Yda Spruit widdou fan Aysma's erven en binne yn dy jierren sels ek bruker fan nu. 8;
nu 9 is wol eigendom mar wurdt forhierd, brukers hawwe west Jacob Jansen, Jan Pytters, Riemer Sjoerds en Harmen Harmens.

Yn 1748 wie it mei it sels biwenjen fan de eigeners ofroun: doe waerd Osinga state troch de eigeners Boargemaster Atte Agema 1/2 part en Boargemaster Tj. Elgermsa as curator oer Pieter de Kok elk 1/2 part, forhierd oan Douwe Sytses. Dit wie it gefal mei nu. 8 sawol as mei nu. 9.

It sil dan ek tusken 1738 en 1748 west ha dat Osinga state omfoarme is ta boerepleats.

Nu. 8 wie doe in pleats fan 37 bunders en 85 roeden en nu. 9 wie 2 bunder 20 1/2 roede.

1758 nus 8 en 9 Boargemaster Atte Agema 1/2 part en secr. P. de Cock 1/2 part eigeners: B. Meinens bruker.

1768 nus. 8 en 9 Ds. Agema en Secr. De Kok eigeners; Sijmen Sijmens bruker

1778 nus. 8 en 9 Ds. Agema en secr. De Kok eigeners; Symen Symens bruker.

1788 nus. 8 en 9 selde eigeners: widd. Sijmen Sijmens bruker.

1798 nus. 8 en 9 Grietje en Marie 1/2 part en Catharina Horrens 1/2 part eigeners; Sijmen Sijmens widd. bruker.

1818 nus. 8 en 9 Pieter de Kok eigener fan in zathe en landen great 113 pounsmiet en ung. 6 pounsmiet; Sijmen Sijmens bruker.

1828 nus. 8 en 9 Ina Petronella, Boele Jacobus, Catharina Margaretha en Jellardina Emelia de Kok foar 3/4 part en D.P. Reneman 1/4 part eigeners: Pieter Symens bruker.

1850 nus.8 en 9 Ina Petronella de Kok foar 3/4 en Margaretha Petronella Reneman 1/4 part eigeners: wid. Symen Aukema bruker.

1858 selde eigeners: Ysbrand de Haas bruker

Oant safier de floreen- en stimkohieren oer Osinga state to Skettens.

Op oanrieden fan de hear Postma bin ik nei de Herf. tsjerke yn Skettens gien, der lizze noch in great tal grefstiennen fan de famylje Van Osinga dy wis de muoite wurdich binne om ris to bisjen". Ik bin bliid dat ik dy rie opfolge ha, hwant der wiene sarken by mei libbens greate ofbyldingen fan de forstoarnen en wol fan Sybrand van Osinga en Atke van Aggema. Sybrand is ofbylde as kriigsman mei de han op it swurd en Atke hat de hannen biddend. Under op de stien stiet:

So gy benyt de Corte tyt
Die ick heb geleeft
Fliet jolyt. Sonder respyt
di tot God begeeft

Sybrand van Osinga hat grietman west fan Wunseradiel en hat foaral foar de wettersteat fan dizze gritenij hiel folle dien.
Ek fan Tjemk fan Osinga en Schelte van Aysma lizze de grefserken yn de Skettenser tsjerke.
Der wiene hiel hwat sarken oanwezich. Ik haw se net allegear opnimme kinnen omdat de banken (lokkich los) der op steane.

Foar dejinge dy't der mear fan wite wol kin ik oanriede slaen it boek "De Historie gaat door het eigen dorp", deel IV va A. Algra der op nei: op side 209 en 210 wurdt der hwat mear fan de famylje Van Osinga forteld.

Ik sil nije wike it noch ris oar de pleats hawwe.

d.H.

Uit: knipselmap boerderijen in het Ryksargyf te Leeuwarden
Nr. 490

 

Yn it Peaskenumer fan dit jier is in artikel opnommen oar it nije haedbistjurlid A. van der Meer to Skettens. Ik ha deryn lezen fan de pleats der't hy op wennet as opfolger fan syn skoanheit D. Postma en tocht doe, miskien leit hjir in langere famyljeban met dizze pleats. It wie dan ek derom dat ik de reis nei Skettens undernaem.

Skettens wie foar my in unbikend doarp. Unbikend foar sa fier, ik wist it wol te lizzen en hie fanof de greate forkearswei it doarpke allinne mar op in ofstan sjoen. Den derom like it my tige nijsgjirrich der no ris to kommen. Mar sa fier bin ik foarearst  net kommen; doe't ik by de oftakking fan 'e dyk dy't nei Skettens giet oan immen frege hwer't A. van der Meer wenne, wiisde dy man nei in pleats dy't oan in forhurde reed lei, krekt de oare kant ut. Ik bin dy kant ut reizge en kaem by in stjelphuzinge dy't alhiel yn de beammen biskule lei mei in brede greft der omhinne.

"Hjir leit histoarje", wie myn earste tinken, "hjir is mear as allinne mar in pleats'. Ik waard yn dizze tinzen noch forsterke doe't ik op it hiem kaem en yn 'e foargevel in pear alde stiennen seach. De iene wie wol tige moai, dy bylde in jachttaferiel ut; in ridder op in hynder, in hert, in hazze en in jachthoun. Dit moast neffens syn omlisting ut deselde tiid eze, mar der is foroaring oanbrocht, der is it middenflak skjin makke, hwant der stiet nou yn:D. Postma, G-Postma-Couperus 1926.

Doe't ik dit opnommen hie bin ik mar ris nei de foardoar gien. De dochter kaem foar en fortelde my doe't ik myn boadskip sein hie: "It is wol spitich mar us heit is net thus en ik wit ek net hwannear't hy hjir wer weze sil. Dat kin elk eagenblik barre, mar it kin ek noch wol hwat oanhalde".

Ik ha doe mar ris om my hinne sjoen. De tun biwundere, de greften om it hus ris skoge en ek mar ris yn 'e skuorre sjoen. Men wie dwaende mei heariden, sleepreakken waerden oanfierd en mei in takel yn 'e golle brocht. In aldere man bitsjinne de takel en oan syn dwaen en litten keo ik wol sjen dat it oars as oars wie. Gjin feint en gjin arbeider fan de boer.

"Binne jo miskien Postma, de skoanheit fan Van der Meer ?" frege ik him?  "Dy bin ik", sei hy en kaem by my om neijer mei my yn 'e kunde to kommen.

Ik stelde my foar  sei my boadskip en wie bliid dat ik dizze man hjir oantrof. Dizze wie in geslacht alder en hie hjir ek buorke, dy koe wis wol it ien en oar fortelle. Nou it wie yn it earst in tsjinfaller foar my. "Hwat jo sykje en hwer't jo meast oar skriuwe", sa sei hy, "sille jo hjir net fine. Wy wenje hjir noch net sa lang. Yn 1909 binne wy hjir kommen, sadat wy foarearst noch net oan it ieufeest t binne". "Spitch" andere ik, "it liket my hjir oars in tige histoarysk gefal ta". "Dat is it ek, foarhinne stie hjir in stins, Osinga State fan defamylje "Van Osinga".

Yn 'e tsjerke fan Skettens kinne jo noch tige moaije sarken fan dizze famylje fine". "En de stien yn de foarmuorr?", frege ik. "Ja, dy is ek ofkomstich fan de alde stins. Dy moat alear yn de binhusmuorre fan de eardere pleats sitten ha en doe't wy yn 1926 oan it fortimmerjen rekken, ha ik him opnij yn 'e foarmuorre sette litten. Op dizze manier bleau der dochs hwat biwarre mei de stins fan alear".

In oare kear hwat oar de stins en syn biwenners.

d.H.