Historie Schettens - Longerhouw

deel 87: B.ZN.


Zo op het eerste gezicht een niet voor de hand liggende keuze voor de serie over de geschiedenis van Schettens en Longerhouw. Echter geschiedenis wordt nog dagelijks geschreven en ligt dus niet altijd honderden jaren terug. Ook in het recente verleden vonden dingen plaats welke nu belangrijke feiten worden gevonden. Zo heeft ooit de bekende band B.Z.N. hier opgetreden en is het toevallig of niet, maar tijdens ons laatste dorpsfeest hield dezelfde band op zaterdagavond zijn afscheidsconcert in Rotterdam !

In de Bolsward Courant van 10 augustus 1971 werd toen, net als dit jaar overigens, een uitgebreid verslag vermeld van het dorpsfeest. BZN bestond al sinds 1966, maar brak pas in 1976 door met 'Mon Amour'.


Doarpsfeest Skettens-Longerhou

Mei B.Z.N. en de Miggeherberch skoan slagge

Wylst BZN (de bikende band út Volendam) freedtojoun de earste klanken utstjitte oer de tinte en fier derom hinne, sadat it fé yn 't lan net wiet hwer't it krûpe moast, siet der oan de sleatekant noch dat iene 'loze vissertje', dat him fan alles neat mar dan ek neat oanloek. Dochs hâlde hy it net sa hiele lang fol en reizge doe mar ôf. Sa gyng dat der ta yn Skettens der't men mei Longerhou it doarpsfeest op tou set hie; in feest dat al mei al tige slagge is. Freedtomiddeis wiene earst de spultsjes foar de bern fan de legere skoalle en sneon stie der keatsen en de spullen foar de greaten op it program. Jouns kaem Tryater mei it stik "De Miggeherberch".

De spultsjes foar de bern fan de legere skoalle hier men nou ris hwat oars oanpakt as yn it forline: doe koe elkenien oan ien spul meidwaen, wylst nou alle bern mar leafst tsien kear yn aksje komme moasten. Hwa't bygelyks goed is yn it iene , kin dit wol net wêze op in oar flak. Hjirtroch waerden de prizen better fordield, al kinne wy hjirfan gjin útslach jaen, om't de list fan de fan de priiswinners by ien fan de masters leit en doe't wy derom freegje soene, wie dizze net thús. Mooglik kinne wy de útslach yn de freedskrante noch publisearje. Der kin noch wol efkes meidield wurde, dat bûten de beide masters de hearen De Jong en Drost in tsiental froulje bihelpsum wiene, om dizze spultsjes foar de skoalbern sa flot mooglik ferrinne to litten.

De bikende band BZN ut Volendam (de Band Zonder Naam) is de leste tiid folop aktyf yn dizze kontreijen. Oankommende freed sille hja spylje in Eksmoarre en om dit plak hat de lêste wiken hiel hwat to dwaen west. Doe't men de band yn Eksmoarre via Telstar ut Snits kontraktearre waerd sein, dat BZN fan rjochten omstrings dizze tiid alinne yn Eksmoarre optrede soe. Doe't dan ek bikend waerd dat hja ek yn Skettens kamen (en noch wol in wike derfoar), kamen der fanút Eksmoarre geroften, dat ôfroune freed BZN op tournee wêze soe yn Belgie, en sadwaende net yn Skettens kaem. 

Lokkich foar de feestkommisje dat dizze geroften net wier wiene en spitich foar de kommisje fan Eksmoarre, dy't nou sels it deksel op 'e noas krigen hat. It wie no sels sa, dat as Eksmoarre noch mear drokte hjiroer makke, de jonges fan BZN sels wol by de yngong stean soene  kaertsjes to forkeapjen: de kommisje hoegde der dan net oan to pas to kommen. It optreden soe yn dat gefal forgees wêze foar harren. Oan bilangstelling ûntbriek it net, der waerden sa'n 450 kaertsjes forkoft en de stimming wie pûrbest. Hoe kin dat ek oars. Hwat de muzyk oanbilanget, och de mieningen binne fordield. Foar it jongfolk wie dit "het einde"  en hienen de forsterkers miskien noch wol luder mocht. De alderen hawwe harren fansels ek wol formakke, mar biseagen it dochs mei oare eagen as it jongefolk. Sneontomoarn ekfes oar tolven kaem in ein oan dit "popfestijn" sa as dat tsjinwurdich oaral hjit en goed fiif oar healwei ienen hie BZN it saekje pakten sette ôf nei Volendam, sûnder dat der noch immen acht op sloech.

Twadde dei

De flagge stie al wer ridlik gau op 'e toer yn Skettens en Longerhou; healwei njoggenen soene de feestlikheden wer bigjinne, mar dit roun in bytsje út 'e han of leaver sein it waar woe net meiwurkje. Sa waerd yn 'e rein wol in bigjin makke mei it ringfytsen foar de bern fanôf de legere skoalle oant en mei 16 jier, mar inkelde kearen moast doch de tinte opsocht wurde.
De útslach fan it ringfytsen is: 1. Greta Galama, Skettens; 2. Jan Spijksma, Skettens, 3 Akke Visser, Skettens. 
Foar it keatsen stiene in âlve parturen ynskrean, mar ek hjir  koe fanwegen it waar net op tiid bigoun wurde, mar yn in "droege bui" kamen dan dochs de earsten yn aksje. Yn Skettens wurdt oan keatsen hast net dien, mar dochs wiene der wol inkelde aerdige mominten to sjen, foaral de finale wie goed. De winners hjirfan binne: 1. Ruurd Reinsma, Longerhou, Lolke Buma en Jelle Hibma, Skettens; 2. Cees de Way, Klaas H. Reinsma, Skettens, Johan R. van Abbema, Longerhouw; 3 Siebren Reitsma, Bouke Ybema, Gatze Feenstra, Skettens.

Middeis om ien ure soe dan it "sekslaen"en it "koerbalspul" foar de froulju begjinne, mar de loft bigoun stadichoan mear to drigen en doe't men dan goed en wol oan it sekslaen wie, bigoun it to unwaerjen. Elkenien socht hommels in plakje yn 'e tinte en efkes letter gyng men wer fierder mei it programma, mar ek dit duorre net sa lang of it wie wer mis.

Doe hat men it spul mar oerbrocht nei de tinte en der fierders ofwurke. De útslach fan it sekslaen is: 1. Jan Y. Ybema, Skettens; Feike Reitsma, Skettens, 3. Minne Mensonides, Longerhou. De earste priis fan it koerbalspul wie foar Greta Galema, Skettens, Hinke de Vries Boalsert waerd twadde en tredde wie mefr. H. Hibma-Groen. Ien underdiel moast fanwege de tiid forlern gien troch it waer komme to forfallen, mar de estafette gyng wol troch. Nou wie der dan in handicap by, sadat ek in oar kans makke in priis to winnen en dus net alinne dy't hurddrave kinne. Utslach: 1. Greta Galema, Rein de Boer, vr. S. Buma, Hendrik Visser, Skettens; 2. Jan van Abbema, Eelke Zijlstra, mefr. T. Spijksma-Brouwer, Reinie Kramer, Skettens. 3 Janke Galema, Skettens, Pietje Hibma, Boalsert, Jan Hibma, Boalsert en Jan Y. Hibma, Skettens.

De Miggeherberch

It toanielselskip Tryater ut Ljouwert kaem sneontojoun met it blijspul yn trije bidriuwen fan Piter Terpstra, de Miggeherberch, foar it fuotljocht. Al mei al wie it in slagge feest yn Skettens, dat sûnder trammelang forroun wie. Wol waerd yn 'e nacht fan freed op sneon yn 'e bocht by de legere Skoalle to Skettens in Boalserter jongeman H. Bruggenkamp fan in auto skept en dit kaem sadanich oan, dat hy nei it sike hus to Snits forfierd wurde moast. Fierder de dyk út rekke noch immen mei brommer en al yn de sleat.


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: http://historie.buwalda.nl (zonder www)