Historie Schettens - Longerhouw

deel 68: Krantenknipsel:  'Osinga State'


Uit: knipselmap boerderijen in het Ryksargyf te Leeuwarden
Nr. 489

Osinga state komt yn de floreenkohieren fan Skettens foar under nu. 8 en nu. 9 mei in hoarnleger sunder hus. Sadwaende kaem Osinga state yn it stimkohier foar mei twa stimmen en wol de nus. 1 en 6.

Yn 1640 wie eignerske juffr. Tjemk van Osinga
Nu. 9 Gerlof Heeres Minnema en Tjemk van Osinga.

1698 no. 8 de wed. van capt. de Vries tot Leeuwarden voor de helfte en de wed. en erfgen. van Dirk Lammerts.
Nu. 9 Gerlof Heeres Minnema en Tjemk van Osinga.

1700 no. 8 Vrouwe van Aysma eignerske en bruker;
nu. 9 selde eignerske; Sjoerd Douwes bruker.
Tjemk of Tymck van Osinga troude to Bitgum mei Schelte Hothjes van Aysma

Fan 1708 oant 1738 wurdt as eignerske neamd mefr. Anna Yda Spruit widdou fan Aysma's erven en binne yn dy jierren sels ek bruker fan nu. 8;
nu 9 is wol eigendom mar wurdt forhierd, brukers hawwe west Jacob Jansen, Jan Pytters, Riemer Sjoerds en Harmen Harmens.

Yn 1748 wie it mei it sels biwenjen fan de eigeners ofroun: doe waerd Osinga state troch de eigeners Boargemaster Atte Agema 1/2 part en Boargemaster Tj. Elgermsa as curator oer Pieter de Lok ek 1/2 part, forhierd oan Douwe Sytses. Dit wie it gefal mei nu. 8 sawol as mei nu. 9.

It sil dan ek tusken 1738 en 1748 west ha dat Osinga state omfoarme is ta boerepleats.

Nu. 8 wie doe in pleats fan 37 bunders en 85 roeden en nu. 9 wie 2 bunder 20 1/2 roede.

1758 nus 8 en 9 Boargemaster Atte Agema 1/2 part en secr. P. de Cock 1/2 part eigeners: B. Meinens bruker.

1768 nus. 8 en 9 Ds. Agema en Secr. De Kok eigeners; Sijmen Sijmens bruker

1778 nus. 8 en 9 Ds. Agema en secr. De Kok eigeners; Symen Symens bruker.

1788 nus. 8 en 9 selde eigeners: widd. Sijmen Sijmens bruker.

1798 nus. 8 en 9 Grietje en Marie 1/2 part en Catharina Horrens 1/2 part eigeners; Sijmen Sijmens widd. bruker.

1818 nus. 8 en 9 Pieter de Kok eigener fa in zathe en landen great 113 pounsmiet en ung. 6 pounsmiet; Sijmen Sijmens bruker.

1828 nus. 8 en 9 Ina Petronella, Boele Jacobus, Catharina Margaretha en Jellardina Emelia de Kok foar 3/4 part en D.P. Reneman 1/4 part eigeners: Pieter Symens bruker.

1850 nus.8 en 9 Ina Petronella de Kok foar 3/4 en Margaretha Petronella Reneman 1/4 part eigeners: wid. Symen Aukema bruker.

1858 selde eigeners: Ysbrand de Haas bruker

Oant safier de floreen- en stimkohieren oer Osinga state to Skettens.

Op oanrieden fan de hear Postma bin ik nei de Herf. tsjerke yn Skettens gien, der lizze noch in great tal grefstiennen fan de famylje Van Osinga dy wis de muoite wurdich binne om ris to bisjen". Ik bin bliid dat ik dy rie opfolge ha, hwant der wiene sarken by mei libbens greate ofbyldingen fan de forstoarnen en wol fan Sybrand van Osinga en Atke van Aggema. Sybrand is ofbylde as kriigsman mei de han op it swurd en Atke hat de hannen biddend. Under op de stien stiet:

So gy benyt de Corte tyt
Die ick heb geleeft
Fliet jolyt. Sonder respyt
di tot God begeeft

Sybrand van Osinga hat grietman west fan Wunseradiel en hat foaral foar de wettersteat fan dizze gritenij hiel folle dien.
Ek fan Tjemk fan Osinga en Schelte van Aysma lizze de grefserken yn de Skettenser tsjerke.
Der wiene hiel hwat sarken oanwezich. Ik haw se net allegear opnimme kinnen omdat de banken (lokkich los) der op steane.

Foar dejinge dy't der mear fan wite wol kin ik oanriede slaen it boek "De Historie gaat door het eigen dorp", deel IV va A. Algra der op nei: op side 209 en 210 wurdt der hwat mear fan de famylje Van Osinga forteld.

Ik sil nije wike it noch ris oar de pleats hawwe.

d.H.

 


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl