Historie Schettens - Longerhouw

deel 46:  'Geakunde Wunseradiel' (1)


Artikel uit: Geakunde Wunseradiel
Uitgegeven te Bolsward, 1969
Door: A. Algra

Longerhou

Longerhou is in lyts terpdoarp. Der wenje in 150 minsken en ek de doarpsgerjochtichheit is biheind. Der hawwe ek tiden west, dat Longerhou de 100 ynwenners net helje koe. It liket sels, dat it in utsondering makket op 'e measte doarpen fan Wunseradiel, hwant yn 1950 wennen der 130 minsken, yn 1960 137 en yn 1961 147. Sa mar trochgean soe men sizze.

Dat de omkriten fan it doarp lyts wiene, blykt wol ut it tal stimmen, dat hjir foarhinne utbrocht waerd: 9, krekt as yn Dedzjum en Piaem.

Dat hjir al tige lang minsken wenne hawwe, der wiist de terp wol op, der't it doarp op boud is. As dy ris ofgroeven waerd, soe der noch wol hiel hwat foun wurde, nim ik oan. Mar ek de tsjerke en toer wize op hege alderdom. Yn 'e list fan monuminten stiet, dat hja tusken 1200 en 1300 boud binne. Mar yn de 700 jier, dy't sunt forroun binne, is der al hiel hwat oan omdoktere, sadat fan dat tige alde net sa folle mear to sjen is. Sa waerd it tsjerkje yn 1771 hielendal mei lytse stien ommitsele en der fierders safolle foroare, dat it omtrint allinne de fundaminten noch wiene, dy't de alde bleauwen.

De preekstoel is de muoite wurdich om to bisjen. Dy hat fiif panielen mei bylden ut 'e Hillige Skiednis: berte, krusiging, opstanning, himelfeart en oardielsdei. Nou sasear gjin kunstwurk, mar wol nijsgjirrich is de deadsbier. Der stiet in ferske op, makke troch Broer Johannes van Abbema:

De doodsbaar gaat niemand, o Heer, voorbij,
't Is Jong of oud, wie hij ook zij.
Waak steeds en bid en wees bereid
Voor 't naderen van de eeuwigheid.

Yn 'e midsieuwen hie Longerhou in pastoar en in fikaris. Dat wie hiel hwat foar sa'n plakje, der't doe ek net folle mear as 100 minsken wenne hawwe, nim ik oan. De pastoar hie in ynkommen, dat op 110 goudgoune delkaem en de fikaris brocht it oant 80 goudgoune.

Nei de Reformaesje kaem yn 'e pastorije in dumny, mar hy moast ek mei de Skettensers redde en dy tastan is bleaun oant hjoed-de-dei. Hwerom men dat sa regele hat, wit ik net, hwant Skettens wie altiten it greatste fan de twa. Elk fan beide doarpen bitelle (noch?) de helte fan it traktemint.
"It mat sahwat lyk op as twa ut deselde pot tarre", sei in man tsjin Hepkema, doe't hy de doarpen bisocht. Ek wie tige krekt oanjown, hwa't dumny ride moast op snein of as hy bygelyks nei de gearkomste fan de klassis moast. Yn 1600 kaem de earste dumny, Willem Jurjens, dy't him yn dy tiid fansels Wilhelmus Georgii neamde. De measte preekhearen sil ik net neame, mar wol mei ik der efkes op wize, dat Longerhou en Skettens yn krekt 100 jier 2 dumny's hawn hawwe: Jacob Steenwijk fan 1685-1741 (!) en Joh. Lantinga fan 1743-1785.

Jan Wouter Felix makke Longerhou ta in geastlik sintrum fan Fryslan: fan dit doarp ut waerden de freonen fan de Wierheit oproppen foar de striid tsjin it modernisme.

Der hat yn Longerhou ek in skoalle west. Yn 'e 17de en 18de ieu wie dat noch net it gefal. Sannes dielt mei, dat yn dy tiid de Skettenser master fan de tsjerke to Longerhou f 7 krige foar it foarlezen yn 'e Longerhouster tsjerke. As dat sa'n 50 kear yn 't jier barde, wie it dus noch gjin 3 sturen eltse kear ! Mar om 1830 hinne bigounen de Longerhousters to prakkesearjen om "de deliberen over het beroepen van een bijzonderen onderwijzer voor hun dorp". Der is doe noch neat fan kommen.
Wiene de hege hearen net hielendal gerest oer dat "bijzondere"? Yn 1842 freget de skoalopsjenner oant it gritenijbistjur, oft der yn Longerhou it ien of oar op priemmen stiet, mar de grytman wit fan neat. Dochs docht it bliken, dat der plannen binne en Deputearre Steaten sizze, dat der neat fan komme kin. Der is yn Longerhou in underwizer, dy't bern thus underwiis jowt, mar de skoalopsjenner kin dat net goed krije en it gefolch is, dat Deputearren yn 1846 forgunning jowe om in skoalle to bigjinnen op proef foar 10 jier. Douwe Wiebes Koopmans wurdt dan oansteld as master, mar nei 3 jier hie hy der al genoch fan. Hy kriget noch in opfolger, Jan Sjoerds de Jong, mar yn 1861 gyng dy nei Makkum werom, der't er ek weikommen wie, om't it skoaltsje fan Longerhou sletten waerd. De bern koene wer nei Skettens. Folle learlingen hiene de beide masters ek net hawn, hwant yn in advertinsje, der't foar de iepening in master yn frege waerd stie: "een onderwijzer, ongehuwd, alsmede tot de waarneming der posten van koster en voorzanger bij de Hervormde gemeente, op een jaarwedde van f 175 van de kerk benevens vrije woning (mar sunder wiif) en het schoolgeld van 16 leerlingen".
Yn dy advertinsje van 1842 is noch sprake fan in bisundere skoalle. Hwerom't de master net troud weze mocht, wylst der wol in hus wie, is my net dudlik. Men kin net best oannimme, dat ien of mear tsjerkfaden dochters hiene, dy't hja wol kwyt woene.In master wie doe noch to min foar in boeredochter. Yn elts gefal: de skoalle hat de 10 jier "op proeve" net lang oerlibbe.

Longerhou wie en is en agrarysk doarpke. Om dat to sjen, hoecht men allinne mar efkes de namme fan it doarp yn it telefoanboek op to sykjen.
De lannen wiene al foar in great tal ieuwen biskerme troch de diken fan de Skraerderhim. It doarp lei hwat isolearre, oant yn 1857 in forhurde dyk nei de Marnedyk oanlein ward en letter kaem ik in bettere forbining mei Skraerd. De feart fan Boalsert nei Makkum roun net fier fan it doarp of en in opfeart joech gelegenheit om to wetter fuort to kommen en dat wie foarhinne fam mear bitsjutting faeks as in modderreed.
Stinzen of kleasters hat Longerhou nea hawn, mar dat wie yn 'e midsieuwen ek net altiten sa bigearlik. Fan Longerhou leze wy yn e histoarje net folle en dat bitsjut, dat it folk der troch de bank yn rest libje mocht, in rest, dy't it doarp noch ken.


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl