Historie Schettens - Longerhouw

deel 160: Binnendiken en Slieperdiken, deel XX


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de twintigste en laatste aflevering in het Fries dus.


vervolg

Krekt as by de oare binnendiken yn Wūnzeradiel waerd it ūnderhāld fan 'e Marnedyk yn 'e 19e ieu forwaerloazge. Yn Febr. 1825 wie wol gjin séwetter yn it binnendykse lān, mar wol opstoud būtenwetter, in bewiis, dat de Marnedyk dat net keard hat. Van Leeuwen skriuwt der net oer, dat de dyk trochbrutsen of dat it wetter der oer hinne roun is. Wol neamt hy it meitsjen fan kistdammmen foar de trije wetterpoarten to Bolswert; wetterkearingen ūntbrieken dźr doe dus. Neffens it kaertsje, dat Van Leeuwen jowt, hat de Marnedyk noardlik Kathuzum yn 1825 it opstoude būtenwetter wol keard. De silen yn dat ein wiene doe dus wetterkearend. Opmerklik is, dyk en silen kearden by dy gelegenheit nei it easten en biskermen it lān ūnder de Penjumer Halsbān. It is net bikend, dat de oerstreaming yn 1825 der ta dreaun hat de Marnedyk en de silen to forbetterjen. Opmurken is, de Djipperterhim waerd yn 1874 opheft. Nei't it farwetter Bolswert-Makkum, op it ein yn 'e Makkumermar nei, en de trekfeart fan Piipharne nei Bolswert yn bihear en ūnderhāld oan 'e provinsje oergien wiene, achten de floreenplichtigen it net nedich de him langer yn stān to hālden, lyk as it prosesferbael fan de gearkomste op 19 Aug. 1874 dat śtwiist. Bolswert krige fan de wurken fan 'e him de Marnesyl, de Pappegaeispost en it ein fan 'e Kleasterfeart troch it stedsgebiet to ūnderhālden, Wūnzeradiel en Hinnaerderadiel de oare einen fan dy feart, foarsafier't dy yn de gemeente leine. It stik Marnedyk, dat foar de him opkaem, waerd net ienris neamd, in biwiis, dat de dyk as binnenlānske wetterkearing net mear yn tel wie.

By de Penjumer Halsbān is der op wiisd, it provinsiael bistjūr stelde yn 'e twadde helte fan 'e 19e ieu in ūndersiik yn nei de bitsjutting fan 'e binnendiken. It tasjoch fan Deputearre Steaten op it ūnderhāld fan binnendiken en silen hie doe net folle yn. Earder wie al net opkommen tsjin it opromjen fan 'e Bolswerter silen en yn 1881 wie, lyk as sein is, permisje jown om nei de Marnesyl op deselde wize to hanneljen en dy troch in wider brźge to forfangen. Deputearre Steaten namen yn 1889 sadwaende ek it stānpunt yn, de Marnedyk wie tusken Kivytsharne en de eastkant de Marnesylyn 1881 as binnendyk forfallen.

It ein dyk tusken de Slachte by de Abe Hearingasyl en Kivytsharne foel in jier of hwat letter in selde bislśt oer, nl. 9 Nov. 1892, doe't de Steaten op śtstel fan Deputearre Steaten bisleaten, de Arumer Grienedyk, de Penjumer Halsbān en it stik Marnedyk tusken de Noarderdyk fan de Halsbān troch Wytmarsum oan Kivytsharne waerden as séwetterkearingen forfallen forklearre.

De dyk troch Bolswert hinne, dy't troch it opromjen fan 'e silen yn dy stźd al tiden gjin tsjinst mear die, en de Bruorredyk bleauwen alhielendal būten  it bisprek, krekt as de ālde noardlike Middelsédyk tusken de Trije Diken en de Kliuw.

Lyk as dat mei ālde binnendiken wol mear foarkomt, dogge in stik of hwat einen Marnedyk nou ek noch tsjinst as wetterkearing for boezemwetterskippen.

[slot]


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl