Historie Schettens - Longerhouw

deel 159: Binnendiken en Slieperdiken, deel XIX


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de negentiende en op één na laatste aflevering in het Fries dus.


vervolg

De Kimswertersyl

De Kimswertersyl of Brakepijp lei op it plak, dźr't de feart Bolswert-Harns, de ālde Marneguil, de Arumer Grienedyk snie. It hat eigenskip oan to nimmen, dat hy dźr makke is tagelyk mei de oanliz fan de binnendyk. De ālde guil wie in wichtige śtwettering fan it binnendykse lān ūnder de Marnedyk, eart nei de Ulkesyl en doe't dy damme waerd nei Harns ta, binammen foar it lān ūnder Arum.
It floreenplichtige lān ūnder Kimswert hie de syl yn ūnderhāld. De Wytmarsumers wiisden dźr yn 1682 op en woene der neffens op śt, de syl tsjinne net om lān ūnder Kimswert to hoedzjen, mar om lān binnen de Marnedyk to biskermjen; it iepenjen en sluten kaem dźrom foar de Arumers k.a. op. Har stānpunt wie, de Kimswerters soene de syl ūnderhālde moatte, om't dy der trochfeart troch hiene.
Folle fan bilang is der net oer de syl bikend. Neffens it rapport fan Maert 1778, śtbrocht fan kommissarissen śt Deputearre Steaten mei prof. N. Ypey en ing. J. de Boer, ūntbrieken doe de doarren yn 'e syl. De kommisje foar de wettersteat rapportearre yn 1828, der sieten doarren yn 'e Brakepiip, dy't bźst yn steat wiene; de syl wie doe 3 jelne wiid.

Yn 1844 naem de provinsje de piip fan de ūnderhāldsplichtigen oer. De ōfkeapsom bidroech f 504,95 1/2, de omslach f 1,-- de floreen; der wiene 47 folchnūmers. De piip waerd yn 1846 ōfbrutsen en forfongen troch in stiennen kearslūs, wiid 6 jelne, mei de slachdrompel op 1.60 jelne - S.P. De Nije brźge kaem hwat sśdliker as de ālde piip to lizzen (sj. sitewaesje nū. 6). De kosten bidroegen f 8400,-- mei f 778,65 1/2 foar ekstra wurk en f 59,38 foar skeaforgoeding foar ūnteigening.
Neffens de earder neamde missive fan 1889 forkearde de syl doe jit yn wetterkearende steat; de doarren rikten 2.25 m boppe S.P.
De doarkassen sitte noch yn 'e brźgehaden.

De Abe Hearingasyl

De Abe Hearingsyl, better bikend as Abe Hearingatille, is grif ien fan 'e meast bikende binnensilen yn Fryslān. De komt sūnder mis fan de lizzing op in punt dźr't twa wichtige binnediken, de Marnedyk en de Fiif Dielen Slachte, opinoar oansleaten. Yn 'e wanling draecht hy hjoed-de-dei to Achlum en yn 'e neiste omkriten fan dat doarp de namme Avesearring.
Syn skiednis is sa goed as neat fan bikend, mar hy waerd gauris neamd as it begjinpunt fan 'e Marnedyk. Yn 'e kommisje fan it dykgraefskip fan 'e Marnedyk foar Joost van Ockinga yn 1577 wurdt hy Abuscheringe tille neamd, yn 'e missive fan July 1628 fan Wūnzeradiels grytman 'e doarpsrjochters fan 'e doarpen ūnder 'e Marnedyk hjit er Aebes Heringa Tille.

De syl lei yn 'e Achlumerfeart en hie as sadanich bitsjutting foar de ōfwettering fan lān ūnder Achlum en kriten dźr eastlik fan en fierders foar de skipfeart, lyk as ek gou foar de Skieppetille yn 'e Slachte, ticht by de Achlumer buorren. It liket net ūnwierskynlik, dat it kleaster dźr de Abe Hearingasyl boude, tagelyk mei it graven fan 'e Achlumerfeart om in forbining it wetter del mei Lśntsjerk to krijen, it plak dźr't it yn 1530 wei nei Achlum to oerbrocht wie.

De ūnderstelling, it kleaster soe ūnderhāldsplichtig oan 'e syl west hawwe, krigt hāld troch de kontribśsje "tot Koetille, Schapetille en Abe Heeringazijl", dy't ū.o. yn it ūntwerp-reglemint fan 1860 fan 'e Fiif Dielen Slachtedyk neamd wurdt as ūnderhāldsplichtig oan 'e Skieppetille. As de Skieppetille by ālds in kleastersyl wie (sj. Haedstik X), liket it logysk, dat soks mei de Abe Hearingasyl ek it gefal west hat, alhoewol der binne gjin rjochtstreeks boarnen oan to wizen, dźr't it oan op to meitsjen is.

Neffens it niisneamde rapport fan 1778 wiene der doe doarren, dźr't de boppekant fan 5 foet 3 tūme boppe simmerwetter lei. Yn 1880 wie der in houten brźge to finen, wiid 2.95 m mei keardoarren op 1.75 m + S.P.; de slachdrompel lei op 1.00 m - S.P. De syl wie goed yn steat.
De brźge is neitiid grif in kear fornijd, hwant hjoed-de-dei sitte der sketbalkesponningen oan 'e noardkant. It mitselwurk fan 'e haden en fleugels is āld en skuort op plakken; in betonplaet foarmet it dek.
De syl is sūnt 1917 yn bihear en ūnderhāld by de gemeente Frentsjeradiel; de mear as 200 ūnderhāldsplichtigen koften it ūnderhāld doe ōf.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl