Historie Schettens - Longerhouw

deel 158: Binnendiken en Slieperdiken, deel XVIII


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de achttiende aflevering in het Fries dus.


vervolg

De Arumer Skūtelbank

De Arumersyl of Arumer Skūtelbank lei yn 'e ālde, noardlike sédyk fan Penjum, dy't letter in ūnderdiel foarme fan de Marnedyk. De syl komt foar yn it sa pas neamde andert fan 'e Wytmarsumers op it rekest fan 'e Penjumers oer dy āld rjocht om de syl to Wytmarsum to iepenjen en to slśten. Hja wiisden der ū.o. op, it ūnderhāld fan 'e Arumersyl kaem foar de helte foar har rekken en net inkeld foar har lān binnen de Halsbān, mar foar it hiele doarp. De syl soe nedich wźze foar de trochfeart en wetterlossing, likegoed foar Wytmarsum as foar Penjum. Hja murken jitte op, de Penjumers hiene doe, yn 1682, de doarren nei binnen ta forpleatst, d.w.s. nei de noardeastkant; normael sieten dy dus oan 'e oare, dat wie de Penjumer side.

De oare helte fan it ūnderhāld fan 'e syl wie foar rekken fan Penjum. It liket wierskynlik, dat op it plak, fan 'e Skūtelbank, foardat dy foar de skipfeart tsjinst die, in āldere syl lein hat, dźr't it gebiet fan de Penjumer Halsbān en it doarp Wytmarsum troch śtwetteren.
Yn 1683 en 1684 kamen der kosten oan 'e piip yn 'e Griene Dyk, dźr't de Skūtelbank mei bidoeld waerd; der wie doe in sketdoar. As der reparaesjes to dwaen wiene, bistelden de tsjerkfādden fan beide doarpen dy oan; soks barde alteast yn 1777. Hja fungearen dus as komittearden oar de syl. De kosten bidroegen doe 673 kar.goune, dy't foar in great part oan 'e sketdoar bistege wźze sille. De skets fan 'e doar (sj. kaertsje nū. 5) is oan op to meitsjen, dat de hiele konstruksje tsjin 'e frontmuorre oan stie.

Neffens it rapport fan 1828 fan 'e kommisje foar de wettersteat, forkearde de Skūtelbank, doe jit in piip, yn 't forfal, de wiidte fan 'e piip wie 2 jelne 7 palm.
Yn 1848 oefenen grytman en asessoaren it tasjoch op de Skūtelbank śt. De grytman hie de floreenplichtigen de 29e July dat jiers oproppen by advertinsje , "huiskondige en klokklippinge" ta in reparaesje of in fornijjing fan 'e piip. Der waerd ta de reparaesje bisletten; ien śt Penjum en ien śt Wytmarsum waerden to kommittearden bineamd. De tsjerkfādden sille dy funksje yn 'e Frānske tiid wol kwyt rekke wźze.

De fornijjing, yn 1848 śtsteld, koene de ūnderhāldsplichtigen yn 1861 net langer foar wei neffens in forslach, dat oan 'e komittearden fan de Skūtelbank śtbrocht waerd. It bistek wiist śt, de ālde piip waerd opromme en forfongen troch in houten brźge, wiid 4 jelne 44 tūme, mei sketbalksponningen. De konstruksje fan dy sponningen wurdt as folget omskrean: twa slykhouten kamen fjouwer iken ribben op to stean, oarn wjerskanten de trochfeart twa, dźr't de 4m lange en 15 by 15 tm swiere sketbalken yn pasten.

Foar de forwiding fan de syl waerd in lapke groun oan 'e sśdeastkant oankoft fan in partikulier, eigner fan in perseel fan 'e "Arumer groendijk".

De Penjumer ūnderhāldsplichtigen hien op śtstel fan 'e boargemaster ta de fornijjing bisletten ūnder bitingst, Penjum soe, lyk as fan ālds, it rjocht hālde as it nedich wie de brźge ticht to setten "tot waterkeering". Hja bineamden twa komittearden, dy't oerlizze moasten mei dy fan Wytmarsum. It wurk koste f 1600,--, de opsichter krige f 82,50. Neffens in rapport fan 'e haedingenieur fan 'e provinsiale wettersteat oan Deputearden wie de Skūtelbank yn 1884 in fźste brźge mei sketbalkesponningen, wiid 4.60 m en 1.50 m djip. Hy wie yn 't forfal; sketbalken ūntbrieken. De brźge wie eartiids yn ūnderhāld by de gemeente Wūnzeradiel, mar is doe fan 'e lźger skrast, dat in ūnderhāldsplichtige bistiet sūnt net mear. Op it plak fan 'e Arumer Skūtelbank leit nou in smel heechhout, allinich to brūken foar fuotgongers.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl