Historie Schettens - Longerhouw

deel 157: Binnendiken en Slieperdiken, deel XVII


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de zeventiende aflevering in het Fries dus.


vervolg

De Wytmarsumersyl

De Wytmarsumersyl lei yn 'e buorren op it plak fan de tsjintwurdige trambrźge. De feart jowt oan gjin ien fan beide kanten de tramdyk de yndruk, dat er fan in ālde slinke oerbleaun is; de rjochte einen wize op forwide perseelsskiedingen. Būtendyks rint er earst in eintsje by de tramdyk lāns en stekt dan dwers troch de Marne nei de ālde guil, dy't troch de Arumer Skūtelbank forbining hat mei de Harnzerfeart, dźr't it wetter lāns nei sé ta ōfstreamt de kant fan Harns śt.

Binnendyks, efkes noardlik de syl, falle twa eardere slinken tige op (sj. sitewaesje nū. 3). Winliken jowt de topografyske kaert al oanwizing, dat dźr oerbliuwsels fan twa ālde  riden lizze, dy't efkes sśdlik de Minne Simensstrjitte byinoar komme en dźrwei yn forbining mei de Marne stien hawwe. Dat wie yn 'e tiden, doe't it séwetter noch op 'e hichte fan Wytmarsum kaem, dus foar de ōfsluting fan 'e Marneby Dyksterbuorren. De sśdlikste ryd is in sleatsje fan oerbleaun mei it Wyt- of Minne Simenshūs oan 'e noardeastkant. Twa en op in oar plak trije perseelskiedingen mei greide der tusken rinnen dźr in hiel ein lyk meiinoar op. Yn it terrein tekent it sté fan de oare ālde ryd noardlik de wei nei it Fliet him ek dśdlik ōf troch in moai brede stripe greide, hjir en dźr tusken boulān yn, dy't de Flietster pleatsen foarby hast oan Easthim ta rint. Neffens de topografyske kaert moat dy leije op in plak 0.80 į 1 m leger lizze as it oanswettende lān. By Wytmarsum is de guil tichslike.

It mienskiplike sleatsje, dat lykop mei de Minne Simensstrjitte rint en as Aldrij bikend stiet, is fierhinne tichtgroeid. Alhoewol fan in syl op it sté, dźr't de Aldrij troch de dyk gyng, gjin witten bistiet, mei sūnder biswier oannommen wurde, it lān ūnder de Wytmarsumer buorren en dźr eastlik fan oan Filens en Easthim ta wettere dźr ienris troch yn 'e Marne śt.
It is net bikend, hoenear't de syl yn de Aldrij troch dy yn 'e buorren forfongen is. De lźste komt it earst foar yn it stik, by de Harkesyl al neamd, oer it slatten fan de feart nei Bolswert yn 1547; hy hjit dźr "Witmarsum zyl". In jier of hwat letter, yn 1560, wie der in komparysje oer de Marnedyk "binnen den dorpe van Witmarsum op den syll aldaer".
De Wytmarsumersyl wie yn ūnderhāld by it lān, dat ta de Penjumer Halsbān kontribuėarre; dźr op kosten fan moat er ek makke wźze. Yn 1682 ūntlienden de Penjumers dźr it rjocht oan de syl to iepenjen en to sluten, as hja dat nedich achten. It wetter stie de 2e Febrewaerjes dat jiers binnen de Marnedyk heger as binnen de Halsbān en om it kwyt to reitsjen holden de Wytmarsumers it syltsje iepen. De Penjumers wiene fan betinken, hja hoegden it oerstallige wetter net binnen har krite op to nimmen en sleaten it syltsje. Dźr kaem fansels kreauwerij śt fuort en de Penjumers stjūrden in rekest oan it Rjocht fan Wūnzeradiel, dźr't hja har by birōpen op har āld rjocht, dat hja it syltsje iepenje en slute mochten "na nood ende gelegenth van saken" en hja fregen dźr bifestiging fan en skeaforgoeding foar it ūnderwettersetten fan har lān.

De Wytmarsumers bistrieden it stānpunt fan 'e Penjumers mei der op to wizen, de Marnedyk wie makke om it binnendykse lān to biskermjen foar it "invloejende zeewater" en it ūnderhāld fan dy dyk kaem foar rekken fan Wytmarsum, Skettens, Hichtum, Burchwert, Lollum, Arum en oare binnendoarpen. Dy fan Penjum hiene der noch eigendom, opsicht of ienich rjocht oer. En hwat de syl oanbilange, de Penjumers hiene eartiids gjin feart troch Wytmarsum, mar allinich in oerhael ("overtoom") oan 'e eastkant de Wytmarsumer buorren oer de "Slagdyk". Letter hiene hja (de Wytmarsumers) permisje jown de dyk troch to graven, op bitingst lykwols, de Penjumers soene op dat plak in syl meitsje en ūnderhālde mei sketdoarren oan 'e būtenkant, "opdat alsoo in cas van inbreuk der zeedijken, die van Witmarsum van het zeewater door Pingjum komende mogten bevrijd zijn".

De śtspraek fan it Rjocht is neat fan foun. It stānpunt fan de Wytmarsumers liket it oannimlikst; it opstoude binnenwetter moast de kant fan Harns śt en dat bihinderen de Penjumers mei it sluten fan syl. In oar gefal hie it west, as séwetter binnen de Marnedyk kommen wie; dan hiene de Penjumers mei rjocht easkje kinnen, dat de syl sletten waerd. Fansels soene de lźsten dochs net būten de wet gien wźze as it ālde rjocht, dźr't hja har op birōpen, yn in oerienkomst fźstlein wie, mar yn it oare gefal koene de Wytmarsumers net duldzje, dat in būtensteander , hy mocht dan ūnderhāldsplichtig wźze, sizzen oer it bitsjinjen fan 'e syl yn har wetterkearing hie.

Neffens it rapport fan 1828 fan de kommisje foar de wettersteat, wie to Wytmarsum in piip mei in wiidte fan 3 jelne. Yn 1854 waerd it ūnderhāld fan 'e syl oerdroegen oan 'e gemeente Wūnzeradiel, Bolswert en Harns as ūnderhāldsplichtigen fan 'e kunstwei Bolswert-Wytmarsum-Harns mei it rjocht de syl troch in iepen brźge to forfangen, itjinge itselde jiers barde.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl