Historie Schettens - Longerhouw

deel 156: Binnendiken en Slieperdiken, deel XVI


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de zestiende aflevering in het Fries dus.


vervolg

De Harkesyl lei yn 'e Skraerderfeart op it plak fan 'e tsjintwurdige brêge, krekt oan 'e westkant de terp, dêr't de Marnedyk op oansleat. De sylroede roun deun oan de terp lâns, dy't nou fierhinne ôfgroeven is. De Skraerderfeart wettere it binnendykse lân ûnder Skettens en dat súdlik Wytmarsum lâns út; de útbuorrens fan dat doarp hjitte dêr De Tym, Gerns en Kathuzum. By de Harkesyl kaem it wetter yn 'e Skraerderhim, dy't op syn bar troch de Skraerdersyl loste nei de Makkumer- of Kâldemar, en dêrwei moast it de kant fan Makkum út nei sé ta.

De namme is net bare âld, komt alteast pas foar it earst foar yn it al earder neamde stik fan 1628, it jiers fan 'e Marnedyksforheging, doe't de "toon" fan de Nijlanner Trijediken oant efkes oer de "Harcke Zijll" mei peallen oanjown waerd. Der bistiet lykwols in âlder stik fan 1547, dat der folle fan wei hat as soe it slaen op lân ta de syl kontribëarjend. "Extraheert uyt seeckere een boeck" giet it oer it slatten fan 'e feart tusken de Wytmarsumersyl en Bolswert. Dêr wie kwestje oer om't "gernstere verndel" net safolle slatte woe as de oare "ferndelen" (fan Wytmarsum). De arbiters, û.o. Johan van Aelua, joegen oan hoefolle elts fearn foar syn rekken nimme moast; "Gernster en Tymstere zylstere" mei Folkert fan Andelabuorren en Yets Hessels widdou moasten fan fjouwer florenen trije roede slatte. Deselden hiene fierders de "aer" to slatten fan de Tymster terp oant Piter Frearks finneharne.

Dat "Gernster en Tymstera zylstere" moat slaen op it lân, dat ûnder de ôfwettering nei in syl ta foel, en mei dy lêste kin hast net oars as de Harkesyl bidoeld wêze, hwant dy lei yn 'e neiste omkriten fan Gerns en de Tym. De ier sil wol deselde wêze as de "Oude Aar", op 'e kaert fan Wûnzeradiel yn 'e atlas fan B. Schotanus (1698) foarkommen; Eekhoff naem dy namme op syn kaert oer. Op 'e kaert fan Schotanus stiet er ynskrean by de sleat tusken de Skraerderfeart by de Tym en de hoeke yn 'e Wytmarsumerfeart noardlik Brúndyk, dy't deun oan de Tymster terp lâns rint. De Ald Ier del koe it wetter dus ek nei de Harkesyl ta ôfstreame.
It leit yn 'e reden, it ûnderhâld fan de syl kaem ta lêst fan it lân, dat der foar oanmurken wurde koe dêr troch ôf to wetterjen, dus dat fan de Tym en Gerns en ek fan Kathuzum binnendyks. Yn 1682 waerd de syl neffens de Wytmarsumers "by een Heer alleen ûnderholden, mar, murken hja op, it sluten en iepenjen fan 'e syl kaem op foar "specialyk de reschribenten als naastlegers", dêr't hja mei útmakke hawwe woene, de ûnderhâldsplichtige gyng net oer it bitsjinjen fan de syl. Faeks wie dy hear út 'e famylje fan 'e eigner fan it al earder neamde dykshûs by de syl, dêr't yn 1729 û.o. it fruchtgebrûk fan de Hege Kattedyk by hearde.

Healwei de 19e ieu (1861) wie der mear as ien ûnderhâldsplichtige, hwant op in gearkomste oer de reparaesje fan 'e brêge, doe in piip, wiene njonken de kommissaris út it gemeentebistjûr fan Wûnzeradiel sawn ûnderhâldsplichtigen oanwêzich.

De beide fêste kommittearden krigen doe twa tydlike oan har tafoege om mei de administraesje fan 'e wei Bolswert-Wytmarsum-Harns to riedplachtsjen oer de kosten fan 'e fornijjing, tagelyk forwiding, fan 'e brêge.
Neffens it rapport fan 'e haedingenieur fan 'e provinsiale wettersteat fan 2 July 1879 wie der doe jit in stiennen flier, dy't op 1.05m - SP lei; de trochfeartwiidte fan 'e syl bidroech 3.20 m. De doarren wiene net mear oanwêzich. De brêge bistie doe jit út in forwulft mei rjochtstandige muorren. De haedingenieur rette Deputearre Steaten oan de syl op to romjen en to forfangen troch in fêste brêge.

Yn 1881 is de Harkesyl yn eigendom oargien oan 'e Nederlânske Tramweimaetskippij; hy waerd doe forboud.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl