Historie Schettens - Longerhouw

deel 155: Binnendiken en Slieperdiken, deel XV


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de vijftiende aflevering in het Fries dus. [NB helaas was de vorige aflevering, dus 154, gelijk aan 152, mijn excuus hiervoor]


vervolg

Om in ein oan de kwestje to meitsjen, hawwe de soenslju in jier letter jit bisocht it ūnderhāld fan de Marnesyl erflik op 'e stźd to lizzen, mar dźr woe dy net oan; de stźd wie foar "mande costen". Dat it skeel yn 1541 noch net śt 'e wei wie, docht bliken oan in korrespondinsje tusken de beide arbiters fan 1539. Dźr ien fan, Douwe van Burmania, ūndertusken grytman fan Ferwerteradiel wurden, bleau op it foarige stānpunt stean, dat Bolswert it fallaet ōfmeitsje moast "van de maernss zyl gild". Dźr stie jit tachtig goune fan, mar "dae van Dyerperde" woene net goedkarrre, dat Bolswert dy yn 'e hannen krige. Om ta in akkoart to kommen, stelde hy nou śt, de stźd soe it tsjin boarchstelling ūntfange.

It boppesteande biwiist hoe min dy fan de Djipperterhim der fan to oertsjūgen wiene, dat hja ta it meitsjen fan it nije fallaet kontribuėrje moasten. De syl (kearslūs) namen hja foar har rekken, mar it bybiteljen foar de śtwreiding ta in fallaet, forsetten hja har tsjin. Hoe't dat forset fierder forroun, is net krekt bikend. In stik fan 1553 hāldt wer in ūnderhanneling fan Bolswert mei de doarpen fan de Djipperterhim oer it lizzen fan it fallaet yn, mar dźr komt it meitsjen fan de Marnedyk ek yn to praet en wol om dejingen, dy't yn 'e stźd nearing to dwaen hiene, "geryflicke weghen uyt to wysen". Bolswert wie dat in reden foar om Arum, Wytmarsum, Skettens en Lollum śt to noegjen to komparearjen; it meitsjen fan in "scieven poste" soe dan ek ūnder 'e eagen sjoen wurde.

De Marnesyl waerd yn 1633/34 fornijd; it bistek datearret fan 10 July 1633. De rekken wiist śt, de omslach bidroech twaris ālve stūren oer de floreen. In ekstrakt śt 'e rekken fan 1639 fan Djipperterhims ūntfanger docht bliken oan, de forhiering fan de fiskerij yn 'e syl brocht jiers f 10,-- op.

Yn 1573 waerd de syl jitris fornijd; de bidoeling wie yn pleats fan 'e fźste brźge in flapbrźge to meitsjen. Der is ek in plan opset fan in flapbrźge mei twa puntdoarren derūnder, mar it bistek komt de brźge net yn foar. Oan it bistek to sjen wie it fallaet doe forfallen en is der in houten syl makke. It syljild bidroech foar in greate heaskūte 0-4-0, foar in bollepream 0-0-12.

Yn de Djipperterhims rekkens (1740-1874) komt de Marnesyl by de tiid lāns foar ūnder de wurken fan de him. Yn 'e 18e ieu waerden ek gauris śtjeften oan 'e doarren notearre, yn 'e 19e ieu foelen dy wei. Yn 1831 wie de "Merne Zijl" in houten brźge, wiid 5.06 jelne, mei sketbalkesponningen; de slachdrompel lei doe op 1.40 jelne - S.P.  Doe't de Djipperterhim yn 1874 opheft waerd, kaem de syl yn ūnderhāld by Bolswert.

Yn 1881 waerd de wetterkearring opromme, nei't de Steaten bisletten hiene de brźge gāns to forwiidzjen, soks yn forbān mei de forbettering fan de binnenlānske wettersteat. Der waerd doe in brźge makke mei iepen lānhaden, wiid 9.15m. Sūnt 1940 is de hiele brźge fordwoun, nei de oanliz fan it stik oan Bolswert ta fan de op it Rykswegeplan nije wei fan de Ofslśtdyk nei Grins. De nije brźge oer de Makkumerfeart waerd efkes sśdwestlik de ālde syl lein.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl