Historie Schettens - Longerhouw

deel 153: Binnendiken en Slieperdiken, deel XIII


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de dertiende aflevering in het Fries dus.


vervolg

De Dielen moasten dus yn 'e kosten fan 'e fornijing bydrage, in forplichting, dy't ek foar lettere fornijjingen gou, mar fierder hiene hja neat mei de syl út to stean. It bihear oer de wetterkearing hiene hja likemin hwat oer to sizzen; dat Bolswert dêr wol mei anneks wie, docht bliken oan in oerienkomst fan 1475 tusken de stêd, de Bolswerterhim en de Djipperterhim. Dêrneffens waerden fjouwer riedslju oanwiisd, ien yn 'e stêd, ien to Hichtum, ien to Burchwert en ien to Aldkleaster of to Hartwert. It bihear foel ek it forhieren fan de syl ûnder. Alle jierren soene nije bihearders keazen wurde en de âlde moasten rekkenskip dwaen oan de nije. De opbringst fan de hier moast brûkt wurde to "profijt ende netticheed der zylen vorscr."  It fiskjen yn 'e wetterrinnen nei de syl ta soe boete op stean.

De Marnesyl wie oant yn 'e 16e ieu in kearslûs; om it ynstreamen fan bûten nei binnen to forhinderjen, moasten de doarren dus sletten wurde. As dat gauris nedich wie, stie dat séskipfeart fan en nei Bolswert fansels tige yn 'e wei; de skippen fan 'e Makkumer kant ôf koene op sokke tiden net yn 'e stêd komme en dy't yn 'e stêd net útfarre. It guod moast sadwaende by de syl oarladen wurden, itjinge yn it begijin fan de 16e ieu gauris it gefal west hat sa't liket, mûlk mei't de sédiken yn westlik en súdlik Fryslân hieltiten wer trochbrieken, hwant Bolswert stie yn dy tiden op it meitsjen fan in fallaet oan. De Skraerder Himdyk en de dêryn lizzende Eksmoarster- en Skraerdersyl, dy't it bûtendykse lân foar de Marnesyl biskermen, skine net genôch feilichheit bean to hawwen, oars hie ommers mei it forbouwen fan 'e syl to Eksmoarre, dêr't de skippen fan Bolswert nei Makkum to passearje moasten, folstien wurde kinnen. Soks wie bard yn 1474, doe't de Eksmoarstersyl, dêr't Bolwert gâns oer to sizzen hie (sj. by "De Himmen", letter D), ta in fallaet forboud waerd. It opwaeijen fan it bûtenwetter spile út 'er aerd ek in rol.

De bilangen fan de stêd en it plattelân gyngen lykwols yn dit stik fan saken net lyk meiinoar op. It útwreidzjen fan de Marnesyl ta in fallaet koste jild en it ûnderhâld soe djûrder wurde, wylst de foardielen fan de foroaring net op it plattelân ta kamen. Gjin niget, dat de Djipperterhims doarpen der neat foar fielden om yn 'e kosten by te dragen. Bolswert sette lykwols troch en de stêd hat altomets in birop op it Hof dien. Op 21 Juny 1513 die dat alteast útspraek yn in skeel tusken Bolswert en alle oare bilanghawwenden by de Marnesyl, de beide Dielen dêrûnder bigrepen. Neffens dy útspraek soene "Boelswert, Boelswerdehem ende Diepwerde die zyll ende verlaet in de Merrendyck" lizze. It fallaet wurdt hjir de twadde wetterkearing mei bidoeld, dy't nedich wie om fan de syl in skutslûs to meitsjen. Hinnaerderadiel en Baerderadiel moasten hûndertfiifentweintich goudgoune bydrage, mar hja hoegden net to biteljen, foardat it wurk ré wie.

De útspraek fan it Hof is om de iene of oare reden net neikommen, faeks in gefolch fan de Saksysk-Gelderske en letter de Bourgondysk-Gelderske oarloggen om de macht yn Fryslân. mar ek de ein fan de striid yn 1523 hat blykber noch gjin reden west it wurk út to fieren. Pas yn 1536 kaem it fallaet op 'en nij oan 'e oarder. De 21e Septimbers dat jiers rjochte Bolswert in rekest oan it Hof, dêr't de stêd jitris yn útinoar sette, it meitsjen fan in fallaet yn 'e Marnedyk wie needsaeklik, om't de syl "by ingghe winden sonder Voerlate nyet mach opgaen".  De stêd wiisde der op, it guod út 'e skippen wie net sûnder hege kosten yn 'e stêd to krijen, en woe der op út, it fallaet soe ek ta profyt fan 'e "Omlanden" wêze. Bolswert koe it net mei die fan Burchwert en Aldkleaster iens wurde; oare biswieren hiene dy doarpen net tsjin it wurk. Bolswert forsocht it Hof tastean to wollen, dat it fallaet makke wurde mocht op 'e doarren nei oant salang "die saeke principael geterminyert sall syn".

It slagge it Hof, dat Burchwert en Aldkleaster al earder op 'e hichte brocht hiene as Bolswert, de partijen ta inoar to bringen en sa krige de stêd permisje it fallaet to meitsjen "onvercort een yder zyn rechte en defensie nefens dye kosten" op bitingst, as it sâlte wetter foar de syl kaem, soe dy net faker as twaris deis brûkt wurde.
Yn 1538 wie it wurk jitte net alhielendal ré. De 25e April rôpen de Bolswerters de prelaten, abten, pater en miene konvinsualen fan it Ald- en it Oegekleaster op om oer de kosten to praten en in wei to finen om de penjen to krijen foar it fierder klearmeitsjen fan it wurk en om fierders de penjen fan 'e Dielen yn to barren.

It skeel hong jit in jiermannich, hwant yn 1539 wie der earst noch in útspraek fan soenslju, dat it fallaet ôfmakke wurde moast "van den penningen den Maernsijl tocomende" en letter in oprop fan de grytman fan Wûnzeradiel, Johan van Heerma, oan 'e beide kleasters om ta inoar to kommen oar de kontribúsje oan it fallaet.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl