Historie Schettens - Longerhouw

deel 152: Binnendiken en Slieperdiken, deel XII


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de twaalfde aflevering in het Fries dus.


vervolg

Yn 1557 stelde de grytman Johan van Heerma śt, it ūnderhāldsplichtige lān ūnder de Marnedyk soe "gelijcker hant" in blank fan eltse "gulden" rinte bydrage yn it reparaerjen fan 'e sketten ūnder de flapbrźgen by de poarten, wylst Arum, Wytmarsum, Skettens en Lollum in "oortgen" fan eltse "gulden" rinte bitelje soene yn it opmeitsjen fan it nije fallaet op it Sān. Hwat de sketten by de poarten mear kosten, kaem foar it lān yn de Djipperterhim en dźr hie it lān ūnder Bolswert, dat yn Djipperte lei, twaris safolle fan to biteljen as it oare.

Alhoewel de rekkens fan de Djipperterhim  de yndruk jowe, dat de silen by de him yn ūnderhāld wiene, is it śtstel fan de grytman dochs, alteast yn begjinsel, neikommen. Soks docht bliken oan twa stikken, datearre op 14 July 1560, hanneljend oer in proses, dat de doarpen Arum, Wytmarsum, Skettens en Lollum tsjin Boslwert fierden nei oanlieding fan it meitsjen fan de sketten by de Blauwe- en de Snitserpoarte. De doarpen hiene in "braspenning een pennich" fan eltse floreenrinte kontrbuėarre. Ien fan 'e stikken wiist śt, Lollum krige it foarinoar, de stźd soe de kosten, dy't de riedsman fan de doarpen makke hie, bitelje, wylst hja neat oansuverje soene yn 'e kosten fan it ōfdamjen. It oare stik, in forklearing fan Skettens, hat krekt deselde strekking, mar dźr wurdt allinich it sket by de Blauwe Poarte yn neamd; de dammen wurde as "Slachtinge" bititele. Ien en oar moat sa foarkleare wurde, de reparaesjes oan 'e sketten waerden foar būtengewoan ūnderhāld oanmurken en dźr bitelle alle binnendyks lān ta mei.

Nei de 18e ieu wurdt neat mear oer de silen to Bolswert fornommen. De Pappegaeispost komt jit yn 'e rekkens ūnder de wurken fan de Djipperterhim foar, mar de sketten by de poarten wurde net mear neamd. Soks wiist derop, dat de silen om 1800 forwaerloazge wiene.

De Marnesyl
De Marnesyl (Meanesyl), de wichtigste syl yn de Marnedyk, lei sśdwestlik Bolswert, jit ūnder de stźd. De hiele Djipperterhim wettere dźr troch ōf, en dy net allinich. By it bisprekken fan de Bolswerter silen is der al op wiisd, de himmen (Ymswālderhim, Moarrehim en Skerwālderhim) rekken der ek har oerstallich wetter stikhinne troch kwyt en itselde gou foar Hinnaerderadiel en Baerderadiel, dy't it ūnderhāld fan de wetterrinnen tusken de Hidaerder- en de Littenzersyl en de Marnesyl mei droegen, in biwiis, dat har wetter dy rjochting śt gyng; by "Middelsé" is soks śtinoar set. Strak sil bliken dwaen, lyk as al earder opmurken is, dat beide Dielen teffens anneks wiene mei de syl sels.

Sa lang as de Marne (slinke) net fan de sé ōfsletten wie, die de Marnesyl tsjinst as būtensyl, mar yn it lźstoan fan 'e 10e ieu, doe't de sśdlike dyk fan 'e Middelsé en de dyk om it Penjumer lān makke waerden, wie dat ōfroun en sūnt dy tiid wie it in binnensyl. It wetter, dat der troch lost waerd, moast de kant fan Makkum śt, dźr't it yn 'e sé ōfstreamde. Soks wie ek de reden, dat de Djipperterhim en de beide Dielen ūnderhāldsplichtich wiene oan 'e feart tusken de Marne- en de Makkumersyl.

Wie de syl wichtich foar de ōfwettering, Bolswert hie er binammen bitsjutting foar mei it each op de skipfeart, dy't oer Makkum syn bislach krige. It bilang, dat de  ālde Hansestźd sadwaende by de Aldkleastersyl to Makkum hie, docht ū.o. bliken oan it krewearjen fan 'e folmachten fan de stźd yn 1542 om de ūnderhāldsplichtige fan de syl, Aldkleaster, safier to krijen, dat dy him heger en wider makke.
De Marnesyl hat gauris kwestje oer west tusken Bolswert en de oare bilanghawwenden, op himsels in lokkige omstannichheit foar de neiteam, om't sadwaende ien en oar śt syn skiednis biwarre bleaun is.

De āldste boarne, dy't op 'e syl slacht, is in "baer" fan it jier 1403 tusken de Bolswerterhim en de Djipperterhim oan 'e iene kant mei Hinnaerderadiel en Baerderadiel oan 'e oare. De soenslju, t.w. de abt fan Aldkleaster en de pastoar to Bolswert, bifestigen dźrneffens de ynhāld fan "dat alda breef", dźr't yn biskreaun stie, de beide himmen soene de nije syl "inden Mernyng dyck" meitsje en ūnderhālde , wylst de Dielen ta it meitsjen fan de nije syl bydrage soene mei fjouwerenfjirtich ālde skylden, dźr't hja mei frijskat wiene fan it ūnderhāld oan 'e syl. It falt op, Bolswert wurdt yn dat stik net mei namme neamd.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl