Historie Schettens - Longerhouw

deel 151: Binnendiken en Slieperdiken, deel XI


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de elfde aflevering in het Fries dus.


vervolg

De syl op it Sān, of it fallaet, lyk as it neamd waerd, wie yn 'e 16e ieu en letter jierren yn ūnderhāld by de Djipperterhim (sj. fierderop), en dat sil fan it begjin ōf oan wol it gefal west hawwe. Dźr de reden fan kin wźze, dat dy him op dat plak fan ālds oan in śtwettering nei de Marne ta hawn hie; it fallaet op it Sān soe dan dus in ālde būtensyl wźze.
Yn 1540 waerd neffens in oantekenboekje fan Holle Siurdt z, in śtjefte dien foar it oanfieren fan groun ("ertforen") by it fallaet by de Blauwe Poarte. Bolswert bisiet doe dus in stedsgrźft. In keapbrief fan lān, dat foar de forsterking fan de stźd ōfgroeven waerd, datearre op 3 Sept. 1532, kin op it graven fan de būtengrźft slaen. De stedskaert fan Jacob van Deventer docht bliken oan, Bolswert hie yn 'e twadde  helte fan de 16e ieu twa būtengrźften, dy't hast de hiele lingte lāns troch in string ,de Singel neamd, skaet wiene. In list fan de stedseigendommen fan 1810 wurdt ū.o. "een stadsstreng of Cingel tusschen St Jans en blauwpoort" op oanhelle.

De Singel hat in jiermannich tsjinst dien as wetterkearing fan de Djipperterhim en foarm as sadanich dus in ūnderdiel fan de Marnedyk, wierskynlik fan it begjin fan it graven fan de būtengrźften (1532?) ōf. It fallaet op it Sān waerd nei de Singel forpleatst en hat dźr hast fiifentweintich jier foar it Sān oar lein. Dźr't de binnengrźft fan it Sān troch it bolwurk gyng, lei de Sānster Wetterpoarte.

De būtenste fan de beide grźften roun dus būtendyks, de binnenste binnendyks. Op it snijpunt fan de būtengrźft en de Marne- en Bruorrediken leine flapbrźgen, dźr't silen ūnder makke wurde moasten om de wetterkearing by need slute to kinnen. Dźr't de binnenste grźft de wetterkearing krśste, koe mei iepen brźgen folstien wurde. Oan 'e stedskant stiene de poarten, yn it westen de Blauwe Poarte en yn it easten de Snitserpoarte. Destiids leine dus to Bolswert trije silen (sj. tastān 1532(?)-1556 op sitewaesje nū. 4).

It skynt dat de syl yn de Singel net foldie, alteast de Djipperterhimster diene al ridlikgau war om him wer nei de binnenstźd to forpleatsen. Soks kin opmakke wurde oan it antwurd fan Bolswert, fan 20 Aug. 1540, op de śtspraek fan soenslju. Dy hiene śtsteld de syl wer nei binnen ta to forlizzen, mar Bolswert lei dźr tsjinyn. De stźd birōp  him der op, dy fan Djipperte hiene it fallaet sels forlein en dat bikostige en wiisde der op, dat it noch in kear "by de zewateren" yndreaun wie; neitiid wie it gat tichtsmiten in it fallaet ek wer makke, alles op kosten fan it miene lān "een ijgelick na advenant zijner renthen". Būtendat, ornearren de Bolswerters, it fallaet lei yn "Keyserlicke Majesteyt Vestiginghe". De Singel waerd dus as in ūnderdiel fan 'e festingswurken biskōge.

Fierders kaem Bolswert der op, as it fallaet nei binnen ta forlein waerd, moast de grźft damme wurde, soe de wetterkearing effekt sortearje. Dźr waerd mei bidoeld, de binnenste stedsgrźft moast by de beide poarten tichtmakke wurde, oars soe it séwetter ūnder de brźgen troch binnendyks komme. It forlizzen fan de syl gyng doe (1540) oer, stuite ōf op it forset fan de stźd.

It Sān moat yn dy jierren foar it oanfieren fan guod frijwhat to bitsjutten hawn hawwe, oars hie yn 1543 it meitsjen en ūnderhālden fan in "haven deur zandstera strate" net oan 'e oarder hommen". Nei alle gedachten waerd dźrmei bidoeld, dat de feart op it Sān forwide en biskoaid wurde soe.

Yn 1556 krigen de Djipperterhimsters einlings fan Bolswert permisje om har fallaet "in den Singel buytenSandster poorte om Boelswardt" nei binnen ta to forplaetsen. Foartiid wiene de dyksplichtigen oan de Marnedyk der al yn meigien. It nije fallaet kaem to lizzen yn it lang fan de Heechstrjitte, dy't letter mei de Dyk foar wetterkearing oanmurken wurde soe. Mei de ūnderhāldsplichtigen fan de brźge op it Sān kamen dy fan Djipperte oerien, op dat sté soe in "stenen pype" makke wurde mei "in tselve onsz voirlate". De ūnderhāldsplichtigen fan de brźge bitellen 40 goudgoune yn 'e kosten fan de nije piip en hiene dźr it hiele ūnderhāld fierders mei ōfkoft. De tastān, dy't troch de foroaring yn 1556 ūntstie, is ek op sitewaesje nū. 4 foarsteld; dy bleau sa oant om 1800 hinne, doe't de wetterkearing yn 'e stźd yn 't forfal wie.

It forpleatsen fan it fallaet śt de Singel makke, dat de binnenste grźft būtendyks kaem to lizzen. Soks brocht towei, dat dy by de poarten damme, of dat dźr silen makke wurde moasten; nei alle gedachten barde it lźste. In ūntwerpkonvinsje fan 1751 tusken de grytman as haed en de fierdere leden fan Djipperterhims kontribśsje oer de silen būten de Blauwe Poarte wurde de syl nźstoan de Poarte ūnder de fźste brźge yn neamd en dy ūnder of flapbrźge.

De rekkens fan de him komme de flapbrźge by de Snitserpoarte en dźr de sketdoarren ūnder wol yn foar, mar fan de fźste brźge is dźr nea sprake, dat if liket wol, oft by de Snitserpoarte allinich doarren yn 'e būtenste grźft sieten.

Bolswert hie nei 1556 dus yn alle gefallen fjouwer silen. It ūnderhāld kaem foar rekken fan de Djipperterhim. Yn 'e rekkens wurdt de post (brźge) op it Sān wol Djipperterhimspost neamd en de syl Pappegaeispostslūs, de piip sels komt ek as Pappegaeispost foar.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl