Historie Schettens - Longerhouw

deel 150: Binnendiken en Slieperdiken, deel X


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de tiende aflevering in het Fries dus.


vervolg

8 De Silen

De silen yn 'e Marnedyk tsjinnen foar de ôfwettering fan it binnendykse lân nei de sékant ta. Yn it gemien kin sein wurde, it oarstallige wetter út de eastlike helte fan de him waerd yn 'e rjochting fan Makkum ôffierd en dat fan de westlike helte nei Harns ta; doe't de Ulkesyl jit bestie, dy kant út. Sadwaende gyng it wetter troch de Marnesyl (en de Harkesyl) op nei Makkum, en dat troch de Kimswertersyl (Brakepiip) op nei Ulkesyl, letter nei Harns.

De silen to Bolswert en Wytmarsum en de Arumersyl (Skűtelbank) hiene in hwat aparte bitsjutting. It wetter yn 'e Djipperterhim stie troch de Bolswerter silen yn iepen forbining mei dat fan 'e Ymswâlderhim, dy't in syl tot Tsjerkwert bisiet; it koe sadwaende de kant fan Warkum út streame, mar Makkum lei tichterby en dus gunstiger, dat de Marnesyl wie foar de ôfwettering wichtiger as de silen to Bolswert. By it bisprekken fan de lęste sil bliken dwaen, der is alle reden oan to nimmen, it wetter út 'e Ymswâlderhim streamde troch Bolswert ôf op 'e Djipperterhim en waerd sa troch de Marnesyl ôffierd. De Wytmarsumer- en de Arumersyl diene tsjinst foar de ôfwettering fan it lân űnder de Penjumer Halsbân nei de krite űnder de Marnedyk; it oarstallige wetter foun sa syn wei nei de Harke- en de Kimswertersyl. De wiene beide bűtendat jit fan bilang foar de skipfeart, itjinge ek gou foar de Sânstersyl to Bolswert.

De Marnesyl wie foar de ôfwettering de wichtigste; syn bitsjutting bifieme in krite gâns grutter as dy űnder de Marnedyk, hwant greate lapen fan Hinnaerderadiel en Baerderadiel kaem it wetter fan syn rjochting út. By de bihanneling fan de Middelsé en de Slachte fan 'e Fiif Dielen is al wiisd op de bitsjutting foar dy gritenijen fan de wetterrinnen tusken de Hidaerder- en de Littenzersyl en de Marnesyl, en by de beskriuwing fan 'e lęste sil bliken dwaen, hja wiene ek mei dy syl anneks. By "Westergoa's âldste diken"  binne de Marnesyl, de Harkesyl en de syl yn 'e Aldrij to Wytmarsum as âldste bűtensilen oannommen, dęr't it binnendykse wetter roch nei de séslinke, de Marne lost waerd. De Arumersyl (Skűtelbank) is by "de Penjumer Halsbân" fan űndersteld, dat er net fan âlde datum is. De Marnesyl en de Harkesyl binnen yn it lęstoan fan de 10e ieu, by it meitsjen fan 'e súdlike Middelsédyk en de dyk om súdlik Fryslân hinne, binnensilen wurden, de syl to Wytmarsum in ieu letter, nl. tsjin it lęst fan de 11e ieu, troch it ôfdamjen fan de Marne. De folchoarder fan it easten nei it westen oanhâldend, komme de silen to Bolswert it earst oan bar om bisprutsen to wurden.

De silen to Bolswert

Bolswert wie by âlds de stęd fan de silen; op syn meast hawwe de műlk fiif west, yn alle gefallen fjouwer. It wiene de syl op it Sân, dęr't al yn 'e 15e ieu sprake fan is, en trije of fjouwer oare, dy't der mids de 16e ieu jit by kamen op de plakken, dęr't de stedsgręften de wetterkearing snieën. Fierders foel űnder it stedsgebiet jitte de Marnesyl; dy lei lykwols in ein bűten de biboude kűm en wurdt apart bihannele. De silen wurde yn 'e trije stadia, nl. yn it begjin fan 'e 16e ieu en foar en nei 1556, op sitewaesje nű. 4 foarsteld.

Sa pas is al opmurken, de Bolswerter silen hawwe foar de ôfwettering fan it lân űnder de Marnedyk net in wichtige rol spile, mar der is alle reden oan to nimmen, oarstallich wetter út de Ymswâlderhim bisuden de stęd streamde der troch ôf nei de Marnesyl ta.

De âldste boarne, dęr't oan op to meitsjen is, dat de himmen "als Ymswalderahem ende Moerhem ende Abbaghana Aest hem ende Folsgaestera ende Scharwalmaen" bilangen op it Sân to Bolswert hiene, datearet fan 1453. It is in oerienkomst tusken de himmen oer it űnderhâlden fan diken, dammen en silen. Ien fan 'e punten jowt oan, dat de bilanghawwenden meiinoar silen en sylroeden "tyaende ende theemen" űnderhâlde sille, ek "dat sant to Boelswart". De sylroede, dy't de Bolswerter kant útroun, kin net oars as de feart tusken Nijesyl en Bolswert, ek wol Wimerts neamd, mei bidoeld węze, en it "tyaende ende theemen" moat slaen op it ôfstreamen fan 'e himmen nei in syl op it Sân.

Nou is it de fraech, hwer hat dy syl  op it Sân krekt lein. Fanselssprekkend yn de wetterkearing troch it stedtsje, en as fęststeand mei oannommen wurde, dat dy de Dykstrjitte folge oan it Sân ta. Op 'e sitewaesje is er rjochtút trochlutsen nei de terp en dęrwei de Dyk lâns  nei de Bruorredyk. De syl op it Sân soe dan yn 1453 to finen west hawwe op it plak fan 'e tsjintwurdige bręge yn 'e Merkstrjitte.

Hoe wichtich as de wetterlossing op it Sân foar de himmen wie, docht ek bliken oan har akkoart mei Bolswert yn 1466. Hja joegen de stęd permisje in "zijll mit een verlaet" yn 'e Himdyk oan 'e westkant de Hegemer Sketting tot meitsjen űnder betingst, har rjocht op it Sân soe bistean bliuwe. De Bolswerters hawwe doe sa't liket plannen hawn in ein feart ôf to damjen ("dae wijck to slaen"), műlk om de syl to reparearjen? De himmen woene dat net bilije en holden it rjocht oan har "buta Boelswerdda schada" in sketdoar to lizzen en to űnderhâlden yn 'e "landwer voir Herama dam" . Hwer't dat krekt wie, is net nei to gean, mar de kondysje wiist út,de himmen hiene gjin sizzen oer de syl op it Sân en wiene dęrom fan doel, as it nedich węze mocht, sels ien dęr tichteby (yn de sylroede?) to meitsjen. It doel kin net oars west hawwe as om op dy wize foar to kommen, dat frjemd wetter yn har krite streamde of sâlt wetter, bgl. by trochbraek fan de Marnedyk. Foar alle wissichheit waerd it bitingst makke, "dat verlaet jeff schot doer van tsand" soe krekt sa bihannele wurde as it nij to meitsjen fallaet yn 'e Himdyk. Dat mocht nl. net faker as twaris etmels iepene wurde, as it wetter bűtendyks heger as in "jerd foet" boppe it binnenwetter stie.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl