Historie Schettens - Longerhouw

deel 149: Binnendiken en Slieperdiken, deel IX


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de negende aflevering in het Fries dus.


vervolg

6.De Djipperterhim (ferfolg)

It liket wierskynlik, dat de him by ālds oan 'e noardkant troch de ālde polderdyk Burchwert-Hartwert begrinzge west hat. De Krabbedyk soe dan tagelyk mei dy ālde polderdyk as wetterkearing fan 'e eardere Djiplānspolder tsjinne hawwe.  Dat de dyk Burchwert-Hartwert as binnendyk tsjinst dien hat, moat opmakke wurde oan in akkoart tusken de grytman fan Wūnzeradiel, eigner fan Aldkleaster en Deputearre Steaten yn 1697, doe't de earste de Ruerdasyl fan it Lān, dat 2200 kar. goune tabitelle, oarnaem. It Lān kin de syl net oars yn eigendom krige hawwe as tagelyk mei it goed fan it Aldkleaster yn 1580; neffens de Benefisiaelboeken (1543) wie Aldkleaster eigner fan it "guedt toe Roeider zyl". It Lān hat it kleasterlān om 1640 hinne forkoft, mar is sa't liket oan it ūnderhāld  fan de Ruerdersyl hingjen bleaun. Ien en oar docht bliken oan, Aldkleaster hat fan ālds eigner fan de syl west en dźr moat wol śt bisletten wurde, dat dy nei it suden ta keard hat. It akkoart is net oan op to meitsjen, dat de Ruerdersyl (nou Ruerderpiip neamd) doe (1697) jit tsjjinst die as wetterkearing. Nei alle gedachten wie dat net mear it gefal, hwant in syl yn 'e trekfeart to Burchwert is yn dy tiden neat fan bikend. De fraech is sels, oft it lān yn 'e ālde Djiplānspolder yn 'e 16e ieu jit apart biskerme waerd; moai wis yn 1539 net mear, hwant doe diene Aldkleaster en Hidaerd ommers al mei oan it akkoart fan de 15e Juny dat jiers, oangeande it opmeitsjen fan 'e Marnedyk.

It omtinken moat jit frege wurde foar it binnendykje, dat de mūntsen fan Aldkleaster makke hawwe om goed hūndert pounsmiet kleasterlān foar it sālte wetter to hoedzjen (sj. sitewaesje nū. 1).

De krite lei foar de kleasterpoarte en it dykje sleat oan beide einen heaks op de Marnedyk oan. It lān waerd "aan de Wallen" ophege. De "Walllen" wurdt moai grif it būtendykse sleatsje westlik it kleaster mei bidoeld; de namme Wellle komt op 'e kaerten fan Wūnzeradiel yn 'e atlassen fan F. Halma en W. Eekhoff foar, wylst Welledyk pleatslik jit bikend is. De reed tusken de Fiif Ekers oan 'e wei de Kliuw-Hartwert en de kleasterpleatsen sil op it plak fan de noardlike oansluting fan 'e dyk op 'e Marnedyk lizze.

De Welledyk is op 'e sśdlike oansluting nei hielendal ōfgroeven; oan 'e greppel oan 'e binnendykskant to sjen, wie de dyk op it meanfjild 7 ą 8 m breed. Oan 'e binnenkant fan it dykssteal by de sśdlike oansluting op 'e wei leit in brede en djippe leije, dźr't śt opmakke wurde moat, dat de groun foar de dyk dźr  wei helle is. It binnendykje is neffens Van der Aa yn 1465 makke. De ōfwettering fan it kleasterpolderke is net mear mei wissichheit nei to gean.

7. Eigendom en gebrūk

De Marnedyk wie śt 'er aerd publyksrjochtelik eigendom. Privaet eigendom yn dy sin, dat de bisitter de frije biskikking der oer hat en der mei dwaen kin, hwat him goed tinkt, bistie by de dyk  net, wol fruchtgebrūk. De eigners fan dat rjocht hiene de gersopbringst of de "ettinge" (rjocht fan biweidzjen) fan in ein dyk. Trochstrings hong it gear mei it lichte ūnderhāld , net mei it swiere, de dyksforhegingen en sahwathinne. It kaem foar, dat de tsjerke it profyt hie fan 'e dyk, dy't it doarp ūnderhālde moast. Sa hiene bgl. de tsjerken fan Achlum en Arum de opbringst fan 'e einen Marnedyk, dźr't it lān ūnder dy doarpen ūnderhāldsplichtich oan wie.

By de bihanneling fan de Fiif Dielen Slachte is der op wiisd, it fruchtgebrūk wie forboun oan it eigendom fan it great tal dykshuzen, dy't hjir en dźr de hiele binnendyk lāns stiene. De Marnedyk binne mar twa dykshuzen fan bikend, en allinne it iene, op 'e eastkant de terp by Harkesyl, dźr't Van Aytsma śt Skettens yn 1729 eigner fan wie, stiet fan fźst, dat dźr it rjocht fan biweidzjen fan de Kattedyk oan forboun wie. It oare wie noardeastlik Wytmarsum oan 'e Marnedyk to finen: fan hokker ein dyk it fruchtgebrūk by dat hūs hearde, is net krekt bikend. Faeks lei dat tusken de buorren en de Griene Dyk. It hūs is al jierren eigendom fan 'e Roomske tsjerke tot Wytmarsum.

Doe't it kadaster om 1830 hinne de nūmering fan de perselen ynfierde, krigen guon einen Marnedyk net in nūmer, oare wol. Sa waerd de Kathśsterdyk bgl. net nūmere, mar de Kattedyk, dźr't as eigners fan twa partikulieren ynskrean stiene, wol. It sśdeastlike ein fan de Griene Dyk kaem op namme fan 'e Arumer tsjerkfāddij, dan stie in lyts eintsje op dy fan in partikulier en fierder it oare stik op dy fan 'e Arumer tsjerke; it lźste gou ek foar de hiele Skūtelbankdyk, de Lange Dyk en de Arumer Grienedyk oan 'e doarpsgrins mei Achlum ta. Dźrwei bigoun it eigendom fan de Achlumer tsjerke, dat oan 'e Slachte roun.

Net sa lang forlyn hat de lźstneamde tsjerke it sśdlike ein fan syn dyk omtrint oan 'e reed nei de pleats Great Ludum ta oan 'e eigner fan 'e pleats yn 'e hoeke ticht by de Arumer doarpsgrins forkoft, dy't der doe in pśndyk op oanlein hat. Ek de Arumer tsjerke hat in ein fan syn dyk oan in partikulier forkoft, nl. in stik sśdleastlik de Arumer Skūtelbank. Op 'e selde wize sille einen fan de Bruorredyk, dy't Bolswert yn eigendom hie, oan partikulieren oergien wźze, nei't dy dyk as forkearswei forfallen wie. Hy is nou tominsten op plakken by oanswettende perselen lutsen.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl