Historie Schettens - Longerhouw

deel 148: Binnendiken en Slieperdiken, deel VIII


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de achtste aflevering in het Fries dus.


vervolg

6.De Djipperterhim

De Djipperterhim naem, lyk as al opmurken is, ūnder de Marnedyk in bisūnder plak yn.
Yn 'e 17e ieu ūnderhold de him de dyk tusken de Marnesyl en de Lytse Klaver. Ta syn krite hearden oarspronklik Bolswert, Hartwert, Aldkleaster of Blomkamp, Oegekleaster, Burchwert en Hichtum.

De Bolswerterhim (de śtbuorrens fan Bolswert) waerd yn it earstoan wolris apart neamd, mar letter net mear; de śtbuorrens hearden ta de Djipperte, mar fielden har dochs selsstannich, krekt as de stźd sels. Opmurken is, dat de trije doarpen en Aldkleaster yn 1552 meiinoar har diken meitsje soene neffens ālde wizānsje; Oegekleaster dike yn Bolswert syn ein. Folle ienheit wie der dus net, grif mei't de krite foar in part ūnder de gritenij, foar in part ūnder de stźd foel.

Lyk as fierdersop bliken dwaen sil, hie de Djipperterhim de silen yn Bolswert en mei de stźd de Marnesyl to ūnderhālden; hy waerd as sadanich dan ek yn 'e 15e en 16e ieu in kearmannich mei de Bolswerterhim en de stźd of inkeld mei de lźste neamd. Ta de wurken fan de him hearden fierders it oandiel yn 'e fearten fan de Hidaerder- en de Littenzersyl nei de Marnesyl en fierderop nei Makkum ta.

Yn 1639 die de ūntfanger Heercke Heerckes forantwurding oer syn rekken, foarlein oan de grytman fan Wūnzeradiel en de folmachten fan de him. De rekken roun oer de jierren 1634-1639, dus oer in tiidrek fan fiif jier. As ūntfangsten komme dźryn foar de opbringst fan 'e fiskerij yn 'e Marnesyl en de omslaggen oer de florenen. Under de śtjeften foelen trakteminten fan de offisieren (der wiene trije kommitearden) en fierders fan de ūntfanger sels en fan de stedsdragers. De Djipperterhim hie dus yn tsjinstelling mei de oare doarpen ūnder de Marnedyk wol in permanint dyksbistjūr; dat hie doe gjin sizzen oer it stedsgebiet.

De 5e Aug. 1795, it jiers fan it nije biwāld, waerd neffens in (net tekene) akte, in dyksrjocht ynsteld, bisteand śt fjouwer kommittearden en in skriuwer-ūntfanger; Bolswert foel dźr doe ek ūnder. De āldste fan de kommittearden soe it earste jiers "praeses" wźze  en fierders soene de oaren bar om bar it foarsitterskip waernimme.

De kommittearden soene jiers twaris byinoar komme om resp. fisitaesje en skoudei to hālden, om de fiif jier de generale rekken opnimme en dy neitiid yn in doarpstsjerke dellizze foar de floreenplichtigen om yn to sjen. Dy soene dan in nij dyksbistjūr kieze.

De Djipperterhim krige in 1823 in nij reglemint, dat Deputearre Steaten it jiers dźroan goedkarden. Neffens art. 9 soe it bistjūr śt in presidint en trije kommittearden bistean; it krige it bihear en tasjoch op de wurken, dy't fan ālds foar rekken fan de him kamen. De floreenplichtige ynsitters keazen doarpsgewize har folmachten; om de fiif jier wie der in gearkomste fan alle himsfolmachten. Dan waerd der rekken en foarantwurding fan 'e jildsaken dien en in nij bistjūr keazen. De grytman fan Wūnzeradiel  skreau de gearkomsten śt foar de doarpen en de konvinten, de boargemaster fan Bolswert foar de floreenplichtigen ūnder de stźd. De grytman en ien fan de boargemasters sieten de forgearringen bar om bar foar. De Djipperterhim waerd yn 1874 opheft (sj. ek bl. 320 en 321).

By "Westergoa's āldste diken" is der al op wiisd, de Djipperterhims Alddyk sleat op de noardkant op 'e Himerter terp oan en stie oan 'e sśdkant by de Lytse Klaver heaks op de Marnedyk. Om dy heakse stand ū.o. waerd er foar binnendyk oanmurken en net foar sépolderdyk. Nei alle gedachten hawwe de doarpen en de stźd it in rek jierren as winsklik biskōge har krite troch de binnendyk, dy't nei it westen ta keare moast, to hoedzjen foar trochbraken fan 'e Marnedyk dźr westlik fan.

De Djipperterhim Alddyk hat grif net lang as binnendyk tsjinst dien. De ālde litteratuer komt er alteast nea as wetterkearing yn foar en fan ūnderhāld oan de dyk is nearne sprake. It is ek hiel goed mūglik, dat er binammen bitsjutting hawn hat yn 'e tiden, doe't de polderdyk fan de polder Hartwert-Wytmarsum jitte tsjinst die, oan't yn 'e 12e ieu de beide Griene Diken oanlein waerden en de Marnedyk ūntstie yn 'e foarm, dźr't er yn letter ieuwen as binnendyk yn bikend stie.

De Alddyk is maklik yn it terrein werom to finen; de westlike sleat is hast oeral biwarre bleaun en oan 'e eastside rint op forskate plakken in greppel; troch dy wei kin de dykssoal op sokke steden weromfoun wurde. Op in plak is dy tusken sleat- en greppeligge 12  m breed, op in oar sté waerd 14 m metten. Yn it lźste ein by de Marnedyk lizze de reed nei Lyts Marwert en in heech string njonkeninoar; de grins tusken Bolswert en Skettens (gemeente Wūnzeradiel) leit der neffens de topografyske kaert tusken yn.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl