Historie Schettens - Longerhouw
deel 147: Binnendiken en Slieperdiken, deel VII
In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van
Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag
hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit
Leeuwarden. Het
geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij
behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt.
Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op
onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n
belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het
Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu
de zevende aflevering in het Fries dus.
vervolg
5. Underhâld
Nou't klearrichheit oer de ûnderhâldsplichtigen oan de Marnedyk jown is, leit it yn 'e reden ien en oar oer it feitlike ûnderhâld to sizzen. Folle is dêr net oar bikend, hwant forslagen fan de skouwingen ûntbrekke. Nijs datoangeande moat sadwaende foar it greatste part helle wurde út guon op harsels steande stikken, dy't âldergelokst yn 'e archiven fan Bolswert en Wûnzeradiel biwarre bleaun binne. De âldste boarne leveret it al neamde akkoart fan 15 Juny 1539 tusken de folmachten oer it meitsjen fan de dyk. Hja kamen oerien, de dyk soe reparearre wurde neffens de "thoon", dy't de "Maerndijk" doe hie noardwestlik de Marnesyl. Mjitten waerden net oanjown. Kommittearden waerden bineamd, dy't û.o. de dyk skouje moasten.
Neffens it akkoart fan 1551, opmakke fan de riedshear Sicke van Dekema, moast de dyk boppe, yn de krún dus, 14 foet breed wêze mei in biloop fan 6 foet. It wie dus net in botte mânske dyk. Sels as der fallingen oan wjerskanten fan 6 foet oannommen wurde, wie de totale oanlizbreedte noch gjin 8 m. Yn 1552 waerden deselde ôfmjittingen jitris foarskreaun en it akkoart dat jiers wiist út, hja gouwen foar de hiele Marnedyk. Hichten waerd noch niet oer praet.
It forslach, dat de kommissaris fan it Hof, Rienk van Gratinga, yn 1560 útbrocht, nei oanlieding fan it rekest fan 'e Arumers oer de Marnedyk, en syn útspraek, docht bliken oan, de doarpen waerden ordonearre de dyk jitris op to meitsjen neffens de âlde foet.
It jier 1628 wie foar it ûnderhâld tige wichtig, binammen foar it ein fan de Trije Diken oant efkes de Harkesyl foarby. De folmachten bisleaten de 29e July's, de dyk soe oeral forhege wurde. De hichte waerd mei "thoon" peallen oanjown. De omskriuwing yn 'e kondysjes en it bistek, dêr't de forheging fan 'e dyk yn de boaijem neffens "moeten holden tien holtvoeten en in den croon ses gelijcke voeten" jowt de yndruk, dat er tagelyk forswierre waerd en de forheging (forbreding?) hearde oan de binnendykse kant oanbrocht to wurden en de hichte by de skouwing oeral 6 houtfoet te wêzen. De groun moast út it binnendykse lân nêst de dyk helle wurde, foar skeaforgoeding.
De himsgenoaten moasten op 4 Augustus bigjinne. De generale kosten, lyk as de leverânsje foan it hout, fakaesjes, fortarringen en weinfrachten, soene oer de floreenrinte fan alle lân "binnen desen hem gelegen" omslein wurde. De grytman krige foar syn tsjinsten as dykgraef 8 florenen. De omslach bidroech 10 penjen. It tal florenen, dêr't dy omslach fan bitelle waerd, wie foar Arum 1300, Lollum 286, Burchwert 640, Hartwert 228, Hichtum 235, Aldkleaster 200, Oegekleaster 125, Skettens 300, Wytmarsum 849 en Bolswert 1081, yn totael 5244 florenen. Achlum bûtendyks de Slachte en de bûtendykse doarpen fan Hinnaerderadiel hoegden sa't liket net ta de miene kosten by to dragen, wurde alteast net neamd.
Altofolle skot siet der net yn it wurk; de folmachten fan de Djipperterhim bistegen de "verhooginge van de dijcksvoet van de Meernedijk haer te laste comende" alteast oan op 10 Augustus 1629. It bistek wiist út, de forheging bigoun in foet fan 'e "dijcksgracht" ôf en "dat tot aen de hoge dijck toe". Itselde docht ek bliken oan de oanskriuwing fan 'e grytman fan 17 Aug. dat jiers oan 'e doarpsrjochters oer de forheging fan 'e dyksfoet fan Bolswert oan de Harkesyl en fan "Coldehuijsum tot aen Pingjumer waegengath".
Neffens dat brief wie it de bidoeling fan de grytman en it Rjocht fan forskate ynsitters fan 'e gritenij, de foet fan 'e Marnedyk to forheegjen en sljocht en brûkber to meitsjen. De grytman biklage him der oer, de tiid "tot opmaeckinge der voorsz wercken" wie al lang om, wylst der by forskate perselen noch net mei bigoun wie en oare jitte net ré wiene. As de perken de 25e Aug. net klear wiene, soe hy der dûbelde kosten de "defaillanten" bisteegje, wie it drigemint.
It oanskriuwen wie foar de stêd en alle doarpen ornearre en ek foar Penjum. Dat lêste doarp kin der allinich mar yn bihelle wêze út reden fan de Wytmarsumersyl en de Arumer Skûtelbank; mei it ûnderhâld fan 'e Marnedyk hie it neat út to stean.
Wordt vervolgd
André A. Buwalda
e-mail:
fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE:
www.andrebuwalda.nl