Historie Schettens - Longerhouw

deel 146: Binnendiken en Slieperdiken, deel VI


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de zesde aflevering in het Fries dus.


vervolg

Dat de doarpsdiken wer ûnderfordield wiene of west hawwe yn perken, dêr't de dyksplichtigen sels foar stean moasten, kin opmakke wurde oan de kondysjes en it bistek oar de forhegingen fan 'e Marnedyk, dêr't de 29e July 1628 ta bisletten wie. Oan 'e "ingezetenen, sorteerende onder den hem van de Marnedyck" waerd nl. oerlitten, oft er it eigen ein dyk sels opmeitsje woe, of it oanbisteegje, as hy der mar foar soarge, dat op 4 Augustus bigoun waerd en it wurk binnen trije wike ré wie.

De ynstruksje fan it doarp Wytmarsum oangeande de Marnedyk, datearjend fan 4 Aug. 1628, is de ûnderfordieling fan it ein Siuwesleat oant efkes de Harkesyl foarby yn omskreaun. De grytman, dykgraef fan 'e Marnedyk, "beginnende van Clyuw.....tot aan Abes Heringa" hie de dyksplichtigen fan Wytmarum oproppen om by Brúndyk gear to kommen. Oan it stik docht bliken, dat elts húsmanshûs in roede húsleger hie en de "boersitters ijder huijs" in heale roede húsleger. Fierders hie in húsmanshûs twa roede mienroeden en de "boersitters ijder huijs" ien * 

(*= In húsmanshûs is in boerenhuzing. Dr. O. Postma to Ljouwert ornearret, dat ûnder in "boersitters huijs" forstien wurde moat it hûs fan in buorster.)

Neffens in âld dyksbrief, dat de doarpsrjochter ûnder him hie, lei op it lân foar eltse fiif pounsmiet in roede dyk; eltse roede bistie út tsien greate fuotten, dus elts pounsmiet hie 2 greate fuotten ta syn lêst Fan de Siuwesleat ôf hiene de dyksplichtigen fan Wytmarsum oan hússteden of húslegers lizzen 27 1/2 R(oede), fordield oer Easthim, Fliet, Filens, de Tym, Harkesyl en Gerns. Dêr folgen húslegers fan Skettens op, en fierders kaem Wytmarsum wer mei oan húslegers 26 R, fordield oar Gerns, Anlebuorren, Tsjerkebuorren, de westkant fan 'e Hegebuorren, de eastkant fan dy buorren "in de Dal", Gernzerbuorren, Kosterbuorren en Rypein. O dy wize gyng dat troch oan it Gernzer Weingat ta. Foar else útbuorren wie it tal roeden hússteden of húslegers oanjown, bgl. Easthim 4 á 1 R, Fliet 1 R, 3 R, 5 á 1 R ensfh. Eltse ynsitter krige syn perseel dyk tametten.

Yn 1729 wie de Katte- of Hegedyk, ek Hege Kattedyk neamd, yn ûnderhâld by Hotse van Aytsma van Lauta to Skettens, lyk as bliken docht oan in kompromis tusken him en de ynsitters fan Wytmarsum en Skettens oar de kosten, dy't oan 'e wei tusken de Harkesyl en de opreed nei Wûns bistege wiene. Dat stik wurdt it ein lykop mei dy wei Dwerskattedyk yn neamd; it ein Marnedyk tusken de Skraerder Himdyk en de wei nei Wûns  sil dêr mei bidoeld wêze, wylst de Hege Kattedyk slaen sil op it fierdere stik nei Kathuzum ta. It fruchtgebrûk fan 'e wei en de Hege Kattedyk dêr't it biweidzjen oan forboun wie, bisiet it dykshûs by de Harkesyl, dêr't Van Aytsma eigner fan wie. Dy naem fierdersoan it ûnderhâld fan 'e wei en de Hege Kattedyk foar syn rekken ûnder betingst , de doarpen soene de lêste meitsje by dykstrochbraek troch ynundaesje.

In ein Marnedyk tusken de Kliuw en de Trije Diken wurdt net neamd, dat dêr sille gjin ûnderhâldsplichtigen foar oanwiisd west hawwe. It like ek feilich to lizzen efter de Tsjerdyk, de Brédyk en de Ringdyk, alle trije binnendiken, dy't op har bar wer efter oare binnenwetterkearingen keine.

It ûnderhâld fan de Marnedyk wie dus fan de Trije Diken oant de Abe Hearingasyl fordield lyk as folget, alteast yn greate halen wie dat it gefal, hwant yn 'e steds- en doarpsdiken leine soms wer einen, dêr't oaren it ûnderhâld  fan hiene. Fan de Trije Diken oar Bolswert oant de Marnesyl: Bolswert; fan de Marnesyl oant Djipperterhims Alddyk: Djipperterhims doarpen Hartwert, Aldkleaster, Burchwert en Hichtum; fan Djipperterhims Alddyk oant de Siuwesleat by Brúndyk: Skettens; fan de Siuwesleat oant de Griene Dyk: Wytmarsum; fan 'e Griene Dyk oant de Arumersyl: Lollum; fan de Arumersyl oant de doarpsgrins tusken Arum en Achlum, teffens gritenijgrins fan Wûnzeradiel en Frentsjeradiel: Arum; dêrwei oan de Slachte by de Abe Hearingasyl ta: Achlum.

It falt op, de Djipperterhim hie mar in koart ein dyk to ûnderhâlden. Yn 'e earste tiden fan it bestean fan de Marnedyk as binnendyk sil de him grif wol langer stik foar syn rekken hawn hawwe, faeks it ein de Kliuw-De Trije Diken, en Bolswert it stik dêrwei oan Djipperterhims Alddyk ta, dat ûnder de stêd lei. De forbettering fan de Tsjerdyk mei syn forlingstik, dat as binnendyk by de Trije Diken op de Marnedyk oansleat, kin der ta dreaun hawwe it ein de Kliuw-De Trije Diken op it twadde plan to bringen en de him it stik Marnesyl-Djipperterhims Alddyk der foar yn 't plak to jaen.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl