Historie Schettens - Longerhouw

deel 145: Binnendiken en Slieperdiken, deel V


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de vijfde aflevering in het Fries dus.


vervolg

4 De underhāldsplichtigen

Underhāldsplichtich oan 'e Marnedyk wie it lān, dat er biskerme. As hwat oan 'e wetterkearing dien wurde moast, wiene it folmachten fan de stźd en ornaris guon fan Hartwert - Aldkleaster en Oegekleaster stjūrden apart guodden - Burchwert, Hichtum, Skettens, Wytmarsum, Arum en Lollum, dy't ta in komparysje oproppen waerden. De folmachten fan 1539 waerden dy fan Achlum (kleaster en doarp) ek by neamd (de iennichste kear, dźr't soks fan bikend is) en fierders dy fan Waeksens, Lopens (śtbuorren ūnder Kūbaerd) en Hidaerd. It falt op, Wommels waerd net neamd, wylst dat doarp dochs ek lān ūnder de Marnedyk lizzen hie. De folmachten van Hinnaerderadiel būtendyks (fan 'e Slachte) birōpen har op in "ban eertijts gemaakt", dźr't de ynhāld fan spitigernoch net op it aljemint komt.

It earder oanhelle akkoart fan 1551 docht bliken oan, de doarpen fan Hinnaerderadiel, hwerūnder doe ek Wommels, kontribuerren net foar it folle bidrach oan 'e reparaesje fan de Marnedyk, mar bitellen neffens it oare bydragende lān de heale omslach. Ek stikken śt letter tiden wize śt, dy doarpen namen in śtsūnderlike posysje yn, hwerom is net mei wissichheit to sizzen; faeks slacht de neamde "ban"  dźrop. Har lān lei wol net yn deselde gritenij as dat fan 'e oare doarpen, mar dat ūnder Achlum hearde ek net ta Wūnzeradiel, en dźr waerd gjin aparte regeling foar makke.

It akkoart fan 1539 docht śtwizing, dejinge dy't to swier bileste waerd, soe stipe wurde fan de oaren. Yn 1551 wiene de kosten "voor die reys gulden guldens gelyck" (dus oer de floreenrinte) omslein; Bolswert foel dźrbūten, hwant dat soe syn eigen diken sels opmeitsje. Hwer't dy leine, sil strak bliken dwaen.

Neffens in akkoart fan 1552 waerd oerienkommen, dat Hichtum, Burchwert, Hartwert en Aldkleaster har eigen diken, dy't hja fan ālds ūnderholden, meiinoar meitsje soene "gulden gulden gelyck". De trije doarpen en it kleaster foarmen, lyk as letter bliken dwaen sil, in aparte mienskip ūnder de biskerming fan de Marnedyk mei de namme Djipperterhim. Ek Wytmarsum hie eigen diken en itselde gou foar Arum en Lollum. De beide lźste doarpen krigen dźr de stipe by fan hwat Waeksens, Kubaerd, Wommels en Hidaerd bitelje moasten "nae aduenant den stuuer ende halve stuuer".  Skettens soe de eigen diken ek meitsje en krige śt 'e bydrage fan 'e fjouwer doarpen fan Hinnaerderadiel bybitelle, hwat dat mear koste as de oare "ingesetenen van den Morren en Broeredycken gulden gulden gelyck" bydroegen. Arum en Lollum makken mei har bydrage fan 'e fjouwer doarpen yn Hinnaerderadiel in ein fan 100 roede yn 'e Skettenzer diken.

It akkoart fan 1552 docht dus bliken oan, it ūnderhāld fan de Marnedyk barde doe net yn 'e mande, de stźd en de doarpen hiene elkmis har eigen ein dyk, of winliken waerd trochstrings it wurd diken brūkt ; guon doarpen, lyk as de eastlike, stiene wol wer meiinoar. Krekt as by de Slachte fan de Fiif Dielen it gefal wie, de dyk wie yn stikken forparte, dźr't de stźd en de doarpen foar stean moasten. Dat jiers waerden de kosten fan it meitsjen fan elts ein dyk oer de florenen omslein.

De begrinzing fan de diken is lang net sa krekt omskreaun as by de Slachte, mar dochs bisteane in pear oanwizingen. Foarst in list fan 16 Sept. 1628, foarkommend yn it Feartslattings- en Marnedyksterboek fan Wūnzeradiel, fan forgroeven lān , dźr't foar de dyksforheging dat jiers tusken Nijlanner Trijediken en de Harkesyl efkes foarby, groun śthelle wie. Dy list komme fan de Trije Diken ōf rekkene, ū.o. op foar de stedsdiken en Oegekleaster, de stźd, de stedsdiken būten de Blauwe Poarte, de Djipperter diken, de Skettenzer diken, de Arumer diken, de diken fan Skettens, de Wytmarsumer hśslegers, de Skettenzer diken, de hśslegers fan Wytmarsum, de Djipperterhims diken, de Skettenzer diken en de Wytmarsumer diken. De oantekeningen fan de skouwing op 1 Sept. itselde jiers docht ū.o. bliken oan, de Oegekleasterdyk roun oan de (Snitser)poarte fan Bolswert ta, de Griene Dyk kaem foar rekken fan Lollum en de dyk fan dat doarp bifieme de Arumersyl; op dat plak bigounen de Arumer diken. Fierders komme yn in opsomming fan objekten dźr't in ynspekteur, ūnderhearrich oan it Bolswerter stedsbistjūr, it tasjoch op hie, foar de dyk fan de Snitserpoarte oant de Trije diken en dy būten de Blauwe Poarte oant de Marnesyl.

De Bolswerter diken hawwe dus sa't skynt lein tusken de Trije Diken en de Marnesyl, mei in eintsje fan Oegekleaster tsjin de Snitserpoarte oan der bitusken; de hiele lape korpuslān fan it kleaster wie yn 1581 troch Deputearre Steaten oan 'e stźd forhierd.

Der is alle reden oan to nimmen, de Djipperterhims diken leine tusken de Marnesyl en de grins tusken Bolswert en Skettens, dźr't Djipperterhims Alddyk oan de Marnedyk kaem, en de Skettenzer diken bigounen dźrwei. De Arumer diken sille oan 'e gritenijgrins tusken Wūnzeradiel e Frentsjeradiel ta roun hawwe en dźrwei sil de Achlumerdyk bigoun wźze, dy't by Abe Hearingasyl op 'e Slachte oansleat.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl