Historie Schettens - Longerhouw
deel 144: Binnendiken en Slieperdiken, deel IV
In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van
Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag
hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit
Leeuwarden. Het
geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij
behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt.
Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op
onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n
belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het
Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu
de vierde aflevering in het Fries dus.
vervolg
3 Bihear
De gemeente-archiven fan Bolswert en Wûnzeradiel binnen forskate stikken yn biwarre bleaun, slaende op 'e Marnedyk mei syn silen, mar dochs wurdt net de yndruk krige, dat nei de 16e ieu - yn dy ieu sa't liket noch wol - in permanint dyksbistjûr bistie, dat him trochrinnend mei de dykssaken bimuoide. Mei it eastlike gebiet, de saneamde Djipperterhim, skynt dat al it gefal west to hawwen.
Ienris wurdt praet oer de beneaming fan in dykgraef en deputearden. Dat wie yn 1577, doe't de folmachten fan 'e ynsitters yn Wûnzeradiel binnendyks, hwaens lân lei "onder beschermenisse van den Marendyck, beginnende van Abuscheringe tille tot an Nylander nye dycken", Joost van Ockinga to Burchwert ta dykgraef bineamden. Yn itselde stik wurde ek deputearden mei namme neamd. Neffens de ynstruksje soene om de twa jier nije funksionarissen bineamd of de de âlde kontinuearre wurde. Ien en oar is oan op to meitsjen, dat de bidoeling foarsitten hat in dyksbistjûr oar de Marnedyk oan to stellen - de bineaming fan Ockinga karde it Hof ek goed - mar neitiid komt dat nea wer op it aljemint; de dykgraef en de doarpsfolmachten wurde wol neamd.
As de Marnedyk yn letter tiden nedich oan reparaesje ta wie, rôp de grytman fan Wûnzeradiel de folmachten fan 'e doarpen gear en waerd de dyk ûnder syn lieding skouwe en makke. Foar 1577 kamen der wol komissarissen fan it Hof by to pas, mar Deputearre Seaten (nei 1579) bimuoiden har sa't skynt net mei dizze binnendyk, alteast de boarnen is soks net oan op to meitsjen. It is ek opmerklik, de silen wurden nea yn de stikken, dy't op 'e dyk slagge, neamd, dat it liket, oft dêr alhielendal gjin tasjoch op bistie. Yn de 19e ieu foroare dat foar safier, it gritenijbistjûr en letter it gemeentebistjûr bimuoiden har der mei en Deputearre Steaten ek.
De âldste boarne, dêr't it bihear fan de Marnedyk yn nei foaren komt, is in ekstrakt út it resesboek fan Wûnzeradiel, ynhâldend in oerinkomst foar trije jier tusken de folmachten fan 'e stêd, de doarpen en de kleasters yn 1539, in jier dat yn 'e dikeskiednis gauris neamd wurdt. Hja bisleaten doe, de Marnedyk soe makke wurden. Tagelyk krigen de grytman en trije foaroansteande ynsitters "opzigten en volmagt" om de dyk to skoujen en boeten op to lizzen.
In rekest fan 'e folmachten fan Arum, yn 1560 oan de steedhâlder, president en rieden fan it Hof rjochte, docht bliken oan, it Hof hie yn 1551 Sicke van Dekema kommittearre, dy't in ordonnânsje en akkoart foar it meitsjen fan 'e "Marendyck" opsteld hie, "beginnende van Abbehuysingertille nae Witmarsum ende Coldehuysum, ende voorts nae Bolswert, ende deur Bolswert aen Nyelander dryedycken". De dyk wie de winters fan 1559 op 1560 wer alhielendal "geramponeert", dat de Arumers hiene noed nar lân soe de oare winters ûnder it sâlte wetter reitsje. Dêrom forsochten hja it Hof doe, krekt as yn 1551, in kommissaris to stjûren om de diken to ynspektearjen en partijen foar him to roppen en as it koe to forienigjen en oars to hjitten de diken to reparearjen. It Hof kommitteare Rienk van Gratinga en dy rôp de partijen op 18 juny 1560 gear tot Wytmarsum "op den syll". De dyk waerd doe neigien en de kommissaris lei de partijen op de wetterkearing tot meitsjen.
De winters fan 1627/1628 wiende sédiken trochbrutsen, mar de Marnedyk hie it séwetter keard. Lykwols, de grytman fan Wûnzeradiel, Tjaerd van Aylva, bitroude de wetterkearing dochs net, om't er eange, de floeden soene heger oprinne troch it forwiidzjen en fordjipjen fan 'e "buyten-zeesche gaeten". Hy achte it dêrom needsaeklik de bûten- en binnendiken to forheegjen en to forswierjen en joech de 18e Jyly's 1628 doarpsrjochters opdracht de "gemeenten" fan 'e doarpen oan to sizzen, dat de 21e July's twa folmachten út alle doarpen foar him forskine soene yn 'e Wytmarsumer tsjerke om oer it meitsjen fan de Marnedyk to rieplachtsjen: de stêd Bolswert waerd ek útnoege fomachten to stjûren. De grytman krige dêr opdracht de fomachten ek op to roppen ta in komparysje op 29 July oan 'e Slachte "by Clieuw ten suijd einde van denselven dijck". By dy gelegenheit waerd er machtige it wurk, nl. de forheging fan 'e dyk fan de Nijlanner Trijediken oant de Harkesyl foarby, as dykgraef to bifoarderjen en de net útfierde wurken op dûbelde kosten oan to bistellen.
By de komparysjes en skouwingen yn 1628 is nea sprake fan in dyksbistjûr. De grytman rette foar it wurk, rjochtstreeks mei de folmachten. It ûntbrekken fan in dyksbistjûr brocht towei, dat it net oan in sintrale administraesje oar de Marnedyk ta kaem. It Feartslattings- en Marnedyksterboek fan Wûnzeradiel wie sadwaende mear in samling fan stikken, dy't de grytman útstjûrde, as in oantekenboek fan in administraesje fan de kontribúsje ynsteld. De bân tusken de grytman en de folmachten wie in lossenien, dy't inkeld oanhelle waerd, as de grytman it nedich achte de ûnderhâldsplichtigen byinoar to roppen, itjinge dan barde troch de doarpsrjochters dêroer oan to skriuwen. De namme kontribúsje wurdt sadwaende ek nea oantroffen. De krite, dy't ûnder de Marnedyk lei, waerd wolris as "him" oantsjut.
Wordt vervolgd
André A. Buwalda
e-mail:
fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE:
www.andrebuwalda.nl