Historie Schettens - Longerhouw

deel 143: Binnendiken en Slieperdiken, deel III


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de derder aflevering in het Fries dus.


vervolg

2 Lizzing

De Marnedyk is rounom yn it terrein maklik werom to finen. Dat jildt binammen foar de einen, dêr nou rydwegen op lizze, nl. dy tusken de Kliuw en de Trije Diken, tusken Bolswert en de Harkesyl, de Kathústerdyk, it stik dêrwei troch Wytmarsum oan 'e Griene Dyk ta en it ein tusken de Hanialeane en de wei fan Arum nei Kimswert, dat as Lange Dyk bikend stiet.

De Kattedyk en de Griene Dyk, de Skûtelbankdyk en de Arumer Grienedyk binnen oan it goed biwarre  dyksprofiel to sjen dúdlik âlde wettekearingen.
De bruorredyk, sûnt de oanliz fan 'e púndyk tusken de Trije Diken en Bolswert (1844) as forkearswei bûten 't wurk set, is ôfgroeven, mar maklik werom to finen oan 'e bûtendykssleat; hjir en dêr binne jit dyksstealen, sa'n 14 m breed, oarbleaun. By de Trije Diken stiet it Hartwerter Ald Tolhús der op. De dykssoal steane op plakken stekken op; de binnensleat binne ek einen fan biwarre bleaun. Westlik it Julianapark to Bolswert is de dykssoal sa'n 15 m breed. De forbining dêrwei mei de Snitserpoarte to Bolswert is troch de bibouwing fordwoun.

Binnen de bûtengrêften fan Bolswert, d.i. tusken de Snitserpoarte en de Blauwe Poarte, folge de wetterkearing de Dyk, de Heechstrjitte, it Greatsân en de Dykstrjitte (sj. sitewaesje nû. 2). Lyk as by de silen yn Bolwert bisprutsen wurde sil, hat de dyk yn 'e stêd in skoft hwat in oar trasé hawn.

De oanliz fan 'e nije betonwei tusken de Ofslútdyk Fryslân-Noardhollân en Bolswert (1940) makke, dat in eintsje fan 'e Marnedyk noardwestlik de doe ek forfallen brêge De Marnesyl as rydwei úttsjinne hie en dat op 'e hichte fan Sotterum (ûnder Skettens) gâns in stik bûten gebrûk kaem. By it oanlizzen fan de púndyk Bolswert-Wytmarsum-Harns (1854) waerd in bocht by de Lytske Klaver ôfsnien; Djipperterhiems Alddyk, dy't letter bihannele wurde sil, sleat dêr op 'e Marnedyk oan. De binnensleat fan 'e ôfsniene bocht en in stikje dykssoal binnen biwarre bleaun.

De breedte tusken de Marne- en de Harkesyl is sa'n 12 á 14 m.
Tusken de Harkesyl en it punt, dêr't de Skraerder Himdyk op de Marnedyk oansleat, is fan de lêste neat oarbleaun. It perseel bou jowt lykwols genôch oanwizing om oan to nimmen, dat de wetterkearing dêr op lein hat (sj. sitewaesje nû. 3).

De Kattedyk leit in heech stik yn, nei alle gedachten fan de oarspronklike dyk. De breedte is dêr 13 m tusken de sleatten, de krúnhichte op in plak neffens de topografyske kaert 2.26 m + S.P.

De pleatsen to Kathuzum steane op 'e wâl fan 'e Marne, dy't grif foar wetterkearing tsjinne hat. De Kathústerdyk, nou in platte, smelle wei, jowt de yndruk oan 'e binnenkant de wâl to lizzen; hy sil lykwols heger west hawwe.

Tot Wytmarsum sleat de dyk op de doarpsterp oan. Noardeastlik dy terp is nou in ôfsnijing to merkbiten; in eintsje wei, in dykshûs en in sleat wize it eardere dykstrasé oan.

De Griene Dyk falt op troch de koarte, rjochte einen en troch de bank heakse bochten, in oanwizing, dat er by perseelskiedingen lâns lein is as in echte binnendyk. Op de plakken, dêr't er net of mar amper ôfgroeven is, is de falling nei de bûten(west)kant dúdlik flauwer as nei de binnenside, krekt oarsom as mei de Skûteldyk, dy't de flauwe falling trochstrings nei de binnenkant hat. Dat lêste is to forklearjen, as bitocht wurdt, dat dy as wetterkearing foar it Penjumer lân oanlein is. Beide diken binne sa'n 13 m breed.

De Lange Dyk, it earste ein fan de Arumer Grienedyk, hat foarlân oan 'e bûtenkant, mûlk mei't er ôfgroeven is, hwant noardlik de wei Arum-Kimswert  ûntbrekt it oarnis. De dyk hat dêr de flauwe falling dúdlik nei de westkant en is op in plak 20 m breed tusken de sleatten. It ein yn Wûnzeradiel steane stekken op mei hikken deryn. Likernôch healwei de wei Arum-Kimswert en de Abe Hearingasyl sit yn 'e dyk in heakse slach, dy't stikhinne ôfgroeven is. Dêr noardlik fan is er bochtiger en smeller; de breedte is op in plak 12.5 m. De earm, dêr't de Arumer Grienedyk by Great Ludum mei op 'e Slachte oanslút, falt suver yn it lang fan de lêste, de kant fan Achlum út.

De Marnedyk leine ûnderskate silen yn, nl. dy to Bolswert, de Marnesyl, de Harkesyl, de Wytmarsumersyl, de Arumersyl of Arumer Skûtelbank, de Kimswertersyl (Brakepiip) en de Abe Hearingasyl, dy't apart bihannele wurde sille.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl