Historie Schettens - Longerhouw

deel 142: Binnendiken en Slieperdiken, deel II


In 1954 werd er een dikke pil geschreven over de oude binnendijken van Friesland. Schrijvers waren de ingenieurs K.A. Rienks en G.L. Walther die deze prijsvraag hadden gewonnen, welke uitgeschreven was door de Fryske Akademy uit Leeuwarden. Het geheel bestaat uit twee delen: een boek van zo'n 550 pagina's en een daarbij behorende atlas, waarin de situaties van de vele dijken met plaatjes werd verduidelijkt. Het boek geldt nog steeds als standaardwerk en is een belangrijke bron op onderzoeken op dit gebied.
Hoofdstuk XII (12) gaat over de Marnedijk, die voor onze dorpen zo'n belangrijke rol heeft gespeeld door de eeuwen heen. Omdat het boek in het Fries is geschreven, is dit stuk dus letterlijk overgenomen in deze taal. Nu de tweede aflevering in het Fries dus.


vervolg

De Marnedyk wie in binnendyk, oanslutend op de Slachte fan de Fiif Dielen, oan 'e eastkant by de Kliuw ûnder Hidaerd en oan 'e westside by de Abe Hearingasyl ûnder Achlum. Hy biskerme lân ûnder Hartwert, de kleasterdoarpen Aldkleaster en Oegekleaster, Burchwert, Hichtum, Skettens, Wytmarsum, Lollum en Arum, allegearre doarpen yn Wûnzeradiel en stedsgebiet fan Bolswert. Fierders jitte bûtendyks lân, d.w.s. lân, dat bûten de Slachte lei, fan Frentsjeradiel en Hinnaerderadiel, resp. ûnder Achlum en Waeksens (alles), Kubaerd, Wommels en Hidaerd. Hartwert, Bolswert en Wytmarsum leine oan 'e Marnedyk, de oare doarpen dêr op greater of lytser ôfstân fan. Hy moast, fan de Kliuw ôf rekkene, it wetter nei it easten, suden en westen ta keare.

De dyk moet in wichtige wetterkearing west hawwe. It lân binnen de Marnedyk (en binnen de Ymswâlder Himdyk) yn Wûnzeradiel en ûnder Bolswert waerd jit yn 'e 19e ieu mar foar de helte oanslein yn it ûnderhâld fan it ierdwurk fan Wûnzeradiels sédyk, dêr't dy gritenij en stêd ta kontribuëarren, by âlds it ein lizzend tusken de Makkumersyl en Warkum; it lân bûtendyks moast dêr foar it folle bidrach ta bydrage.Dat ûnderskie is forfallen yn 1866, doe't de binnendyk sa min yn steat wie, dat er gjin oanspraek mear op de namme wetterkearing meitsje koe.

De Marnedyk hat syn namme krige nei de Marne, de slinke, dy't ienris - foar de tiid fan de binnendiken - de Middelsé en it Fly Fly forboun. By "Westergoa's âldste diken" waerden in mannich nammen neamd, dy't yn 'e kontreijen tusken Bolswert en Kimswert lang biwarre bleaun binne en mei de Marne lykje gear to hingjen, as "Myrlinge (1553), Maernink (1534), Maernge (1543), en Marning (1810)".
De namme Marnedyk (Meanedyk) is oant hjoed-de-dei ta bistean bleaun foar de âlde wei tusken Bolswert en de Harkesyl. Alhoewol't er yn in pear stikken foar de hiele dyk foarkomt, waerden pleatslik, alteast yn letter tiden, oare nammen brûkt. Sa hjitte it ein tusken de Trije Diken en Bolswert Bruorredyk, wylst it stik tusken de Harkesyl en Kathuzum Kattedyk neamd waerd en dat derwei oan Wytmarsum ta Kathústerdyk. Fierderop leine de Griene Dyk, de Skûtel(bank)dyk en de Arumer Grienedyk (sj. sitewaesje nû. 1).

In stik of hwat boarnen, dy't strak yn in oar forbân oanhelle wurde sille, komme de folgjende nammen foar de dyk yn foar: Mernyngdyke (1403), Merrendyck (1513), Maerndyck (1539), Marendyck (1551), Marendyck (1551), Marendyck (1577), wylst de Benefisiaelboeken (1543) Maery dyck en Marndyck noch neame.

1. Opbou

De opbou fan de Marnedyk liket op dy fan de Slachte fan 'e Fiif Dielen, mei't er ek foar in great part út alde sépolderdiken foarme is. Yn dat forbân binne de folgjende einen to underskieden: De Kliuw-Hartwert, Hartwert-De Trije Diken-Bolswert-Griene Dyk (Wytmarsum foarby), de Griene Dyk, in ein fan de âlde noardlike sédyk fan Penjum en de Arumer Grienedyk.

De dyk fan de Kliuw nei Hartwert wie oanlein as ôfslútdyk fan de Djiplânspolder, in eardere gloppe fan 'e Middelsé. Hy waerd by de biskriuwing fan Westergoa's âldste diken en de Middelsé bihannele en syn oanliz is dêr steld op mids de 11e ieu.

De dyk Hartwert-de Trije Diken-Bolswert-Wytmarsum foarby wie earder in diel fan 'e sépolderdyk Hartwert-Wytmarsum, dêr't it tastânkommen fan steld is op it begjin fan 'e 10e ieu. It ein Hartwert-De Trije Diken hat ek Middelsédyk west; de súdlike Middelsédyk sleat dêr by de Trije Diken op oan.

De Griene Dyk wie in forbining tusken de neamde sépolderdyk en de âlde noardlike sédyk fan Penjum, dêr't de oanliz fan yn 'e earste helte fan 'e 11e ieu steld is. Op 'e selde wize foarboun de Arumer Grienedyk lêstneamde âlde sédyk en de dyk fan 'e polder Frentsjer-Achlum, ûnderdiel fan 'e Slachte fan 'e Fiif Dielen. De beide forbiningsdiken moatte oanlein wêze mei it doel in skeakel to foarmjen yn 'e binnendyk tusken de Kliuw en Abe Hearingasyl om op dy wize it neamde binnendykse lân to hoedzjen foar trochbraken fan Fryslâns súdlike en westlike sédiken.

Earder, û.o. by de bihanneling fan de Middelsé, is der al op wiisd, dat it trochbrekken fan 'e sédiken gearhingje moat mei it wider en djipper wurden fan 'e ségatten tusken de eilannen, itjinge towei brocht, dat de Fryske sédiken gâns mear to hâlden krigen. Der is anmurken dat dy trochbraken aloan en wer it forlet fan binnendiken driuwend makken en ûndersteld, dat dy oanlein binnen yn 'e 12e ieu. It is sadwaende net ûnwierskynlik, dat de Marnedyk yn dy ieu syn bestimming as binnendyk krige hat, en út deselde reden moat foar de oanliz fan de beide Griene Diken dy ieu ek oannommen wurden .Hja binnen dus fan jonger datum as de oare gearstallende einen fan de Marnedyk en dêrom allinich mei in reade linen op sitewaesje nû. 1 oanjown.

Wordt vervolgd


André A. Buwalda
e-mail: fam.aabuwalda@home.nl
HOMEPAGE: www.andrebuwalda.nl