ARTIKELS


Artikel uit: Geakunde Wunseradiel                                                    
Uitgegeven te Bolsward, 1969
Door: A. Algra


Ek yn en om dit doarp hawwe wol in pear tûzen jier lang minsken wenne. It leit sels op in terp, mar der binne of wiene ek forskate yn 'e omkriten. Binammen út de terp fan Bittens binne moaije potten oan it ljocht kommen, in pear sels út 'e tiid foar't de Friezen har hjir nei wenjen setten.
Sotterum is ek al âld. In hiel greate terp wie it Greathôf. Op âlde kaerten komt op en om dy terp yndied in great hôf foar. Dan binne der noch terpen to Filens en Great Osinga. Filens lykwols heart earst sûnt 1949 by Skettens. It is fan Wytmarsum ôfnommen.
East fan it doarp leit in pleats, it Fort. Foar dy namme haw ik gjin forklearring.

Hwa't it oer âld Skettens hat, tinkt yn it foarste plak oan de Osinga's. Frijwol súd fan 'e tsjerkebuorren stiet hjoed-de-dei in mânske pleats. Men sjocht wol, dat der foarhinne hwat oars stien hat. Dy pleats, der't nou A. van der Meer op wennet, is yn it plak komen fan in stins. Dizze stins hie in dûbelde grêft en moat boud wêze troch Sybrand van Osinga, grytman fan Wûnseradiel. Foar Sybrand wennen lykwols ek al Osinga's yn Skettens, sa't bliken docht út de grêfstiennen yn 'e tsjerke. Dat bouwen fan Sybrand hat allicht forgreatsjen of  "wer opbouwen" west. 
De gloarje fan it eale skaei is noch ôf te lezen fan de greate sarken yn 'e Skettenser tsjerke. Sa rêste under ien greate stien Seerp van Osinga (+1551) en syn frou Jel Heerema (+1562). De soan Jancko of Joucke waerd, doe't der in ein kaem oan it Spaenske biwâld, grytman. Nei 3 jier stoar hy al en syn soan Seerp, dy't ek grytman wie, folge him, noch frij jong (1589). Dan komt in broer fan dizze Seerp en dat wie Sybrand, dy't ek wer it biwâld oer Wûnseradiel hie. Dizze Sybrand wie in man fan greate bitsjutting. Hy die folle foar de wettersteat. Hy wie lid van Deputearre Steaten en sels fan de Steaten-Generael. In greate sark leit op it grêf fan him en syn twadde frou, mei sahwat libbensgreate ôfbyldingen. Dit wiene mar in pear Osinga's. Yn 'e tsjerke binne allinne al 16 grêfstiennen.

Schelto van Aysma boaske Tymck fan Osinga en sa sil de stins yn hannen kommen wêze fan dit skaei fan Aysma's, doe't de soan fan Sybrand him nei wenjen sette to Langwar, om't er grytman fan Doanjewerstal waerd. Dêr is de Osingastins frijwol yn âlde steat opboud en tsjinnet nou foar gemeentehûs. Yn 1722 wie it Skettenser Osinga noch in stins neffens in print út dat jier, bewenne troch Hotze van Aysma, mar frij koart dêrop is dizze stins yn in boerepleats foroare en letter  is dy noch faker as ien kear forboud. Foar de lêste forbouwing (yn dizze ieu) hie de foarein noch hiel brede doarren en sieten yn 'e muorren noch sjitsluven.

Skettens hie foarhinne in tsjerke mei in sealtektoer. Yn 1816 is dy toer ôfbrutsen en nei de moade fan dy tiid kaem der in skerpe toer foar yn it plak, earst fan hout, mar yn 1877 waerd dy forfongen
troch in "echte" toer.
De tsjerke wie yn 1865 alhielendal fornijd, sadat men sizze kin, dat allinne de fundaminten noch út de midsieuwen binne.
Yn 'e roomske tiid hie Skettens syn eigen pastoar en sels noch in fikaris, mar nei de Reformaesje krige it ien dûmny mei Longerhou. Mar der is yn 'e foarige ieu in tsjerkje bykommen. De Doleânsje krige hjir ek oanhing en op 7 desimber 1888 waerd in Grifformearde tsjerke stift. Earst founen de gearkomsten plak yn in timmerskuorre, letter yn ien fan de beide kristlike skoallen, mar yn 1907 koe in "echt" tsjerkje yn gebrûk nommen wurde. Ien fan de dûmny's dy't de gemeente tsjinne hat, wie ds. D. v.d. Meulen. Hy hat in lange rige sketsen skrean oer minsken út Friesdorp, dy't letter yn seis dieltsjes bondele binne. Under de minsken dy't hy biskriuwt, binne ek wol guon fan syn skiepkes út Tsjerkwert. Der wiene wolris minsken, dy't in bytsje huverich wiene, as der wer in nij forhael yn it Frsyke tsjerkeblêd bigoun. Ds. J. van Tuinen hat hjir ek stien, in kenner fan it Frysk. Hy skreau sels preken yn it Noard-Frysk. Foar "de dienst des Woords" is de Grifformearde tsjerke to Skettens nou forboun mei Boalsert.

Yn 1606 wie yn Skettens al in skoalle, miskien wol earder. Sannes neamt as earst bikende master Aucke Gearts, dy't ek "chirurgijn" wie.  Hy moast ek wol hwat byfortsjinje, hwant fan 42 goune yn it jier koe sels in skoalmaster net bestien. Letter waerd it traktemint f 120 en dan wie der ek noch wolris in forfaltsje. Sa krige mr. Lieuwe Beernts 17 goune, 3 stûren en 10 peinjes foar it himmeljen fan 'e tsjerke. Mar de tsjerke wie earm en master Reyner Claassen gie sels in proses oan tsjin de tsjerkfâden, om't er syn sûrfortsjinne lean net krige. Master woun it proses, mar lykwols krige hy syn sinten net, hwant de tsjerke hie neat. De skoalle hat sels in skoft fakant west, om't der gjin sinten foar in master wiene. Men hat wol wer in master krige mar foar 60 goune yn it jier. Master Gerlof Gorryts moast dan ek tagelyk skuonmakker wêze om yn libben to bliuwen. Master Klaas Pieters Dykstra waerd yn 1796 ûntslein, om't er net akkoart gyng mei de polityk fan dy tiid. Hy wou ik stik tsjin de aristokrasy en Oranje net tekenje. Yn 'e 19de ieu waerd ek dizze skoalle in iepenbiere.

Yn 1836 kaem der in nije skoalle, dy't men in 1862 forgreate, om't de Longerhouster sletten waerd. Yn 1844 wiene der 24 bern op skoalle. De lêste master wie Leonardus Hugius van Koppelman Bokma, in namme dy't er wêze koe. Hy hat fan 1844-'81 tsjinst dien as haed. Yn it lêste jier  krige hy pensioen en doe waerd tagelyk de skoalle sletten. De measte bern wiene al oergien nei de kristlike skoalle, dy't yn 1872 iepene waerd. De iepenbiere skoalle hat net lang leech stien. De Doleânsje brocht op it mêd fan it ûnderwiis ek skieding en sa krige Skettens 2 kristlike skoallen, de "alde", kristlik nasionael (yn 'e praktyk Grifformeard) en de "nije", de Herfoarme, dy't ûnderdak foun yn 'e iepenbiere skoalle, dy't yn 1881 sletten wie. Beide wiene lyts. It hat wol west, dat op de earste skoalle mar 16 bern mear gyngen. Lokkich is de forhâlding forbettere en yn 1946 binnen de skoallen forienige en waerd G. Eyzinga, dy't al 13 jier haed fan de Herfoarme skoalle west hie, haed fan de kombinearre skoalle. It haed fan de Grifformearde skoalle krige yn dy tiid in oar plak. Yn 1955 waerd in nije trijemansskoalle iepene. Fan de haden fan de Grifformearde skoalle neam ik S. van Abbema, letter lid fan Deputearre Steaten.

Skettens hat in doarpsgerjochtigheit, dy't frij hwat greater is as dy fan Longerhou. Foarhinne waerden dêr dan ek 15 stemmen utbrocht. Yn 1949 is der, sa't ik al skreau, noch in hoeke fan Wytmarsum bykommen.
De situaesje lykwols is ek net folle better as yn oare doarpen yn 'e Greidhoeke. Yn 1840 wennen yn en om Skettens 140 minsken yn 26 huzen, yn 1950 360, yn 1958 318  en yn 1960 314. It sakket dus, al giet it de lêste tiid net hurd mear. Kin Skettens foar Boalsert net wurde, hwat Hurdegaryp foar Ljouwert is ? It doarp leit gaedlik genôch.As men nou soarget foar net to djûre bougroun, hwa wit...

Gaedlik foar it forkear, sei ik. Foarhinne wie foar de forbiningen foaral de feart fan Boalsert nei Wytmarsum fan bitsjutting. Foar de skipfeart hat dy nou ôfdien. Letter kaem de tram, mar ek dy is út 'e moade. It "stasjon" op it Greath˘f hat ôfdien. Mar de greate forkearswei Fryslân-Hollân rint ticht by it doarp lâns en sa hoecht men net to tinken, as men yn Skettens in wenplak siket, dat men net fuort komme kin en dat de wrâld hjir mei kranten tichtplakt is. De Skettensers moatte har mar hâlde oan it wurd op 'e stien fan Sybrand van Osinga: "Aenziet de Tyt", en dan fansels yn in oare bitsjutting.