DE BALLADE FAN LONGERHOU

(Wybren Altena, 1971)

It iis wie tsjok, it waeide prs.
It wie yn sawn en fjirtich.
Der ried in kreas jongfaem nei hs,
yn streken, lang en pittich.

In wite trui mei read poeha,
oan elke hn in wantsje,
in mtske op har troelala,
mei kninefel op 't kantsje.

It ln wie wyt, de loft wie grau,
gjin waer foar berneweinen.
Nou giet in faem oer iis wol gau,
mar einen bliuwe einen.

It wie sa kld, dat lns de wei
elk lichemsdiel rampoai frear.
Lykas Gysbert Japicx ek al sei:
"Het is gewoon niet mooi meer."

Sa fyntsjes wie 't, sa kriperich,
dr wie net oan te wennen.
De Stiennen Man waerd griperich,
en hie sels winterteannen.

De skiere snieloft stie nei snie.
De sinne wie hwat sinnich.
De faem, dy't twa en tweintich wie,
ried, sa't ik sei, allinnich.

Mar sjoch, doe 't yn 'e reiden hja
hwat dwaen moast....oan 'e rimen,
hwa streke doe op Geartsje ta?
De froastforjeijer Simen.

En as in warber fiskerman
ntrlle dy syn fke:
"Hallo, hwat sizze jo derfan,
sil ik jo efkes lke?"

Hy krige it klear. Jawis, hwat oars;
hwat is in faem allinne?
En frege mei syn reade noas:
"Hwer moatte jo einliks hinne?"

Sy molk har noas, en sei do": "Nou,
nei hs fansels. Hwat tocht er.
Us heit is boer yn Longerhou,
en ik bin heit syn dochter."

Se rieden achttjin doarpen lns,
en seis-en-fyftich sleatten.
Foar Cupido in s fan kns.
Hy hat de bste sketten.

Se rieden krslings, hwat dat wie
sa smk, en goed tsjin 't fallen.
En dr't se streken, roun de snie
as wetter fan 'e wllen.

"Bist evengoed in reuzefint",
sa klonk it faek fansiden.
"Hwat leuk, hwat fijn. Ik sjong omtrint,
ja, dit is nochris riden."

Sa ried er mei syn rinkelbel,
it wetter om 'e kiezzen.
De bosken reiden bgden del,
faek snder hwat te sizzen.

De reuzefint fornaem al gau,
se koe ek oargelspylje.
Se wie de fleur fan Longerhou,
en rounom siet famylje.

"Bist evengoed in reuzefint.
Ik sjit al"op. Oh. Blinder.
Dr is it havenmonumint
fan Longerhou. Wy binn' der.

Se stoppen, en ja boun har f.
Oh, hwa sit dit biskruwe.
De spanning hong oer Longerhou,
mar woe net hingjen bliuwe.

"Nou, goeije. Sjoch, dr wenje wy,
dat lytse reade rtsje."
"Moai, fijn sa", sei er, "blij om dy.
Jow my nou mar in ttsje."

"In tt? Hwatsei? In echte tt?
Us heit, dy soe wol roppe:
"To-loevert yn, to-lij wer t.
En my fan 't hiem fskoppe."

"Jim heit," spriek hy, "hat tritich kij,
en kin gjin ttsje risse?
Of kin men op in buorkerij
nou hielendal neat misse?"

Se sei: "Wy kinne dit petear
noch krekt foar achten slte.
Ik bin in dame, ws jo hear.
Der wurdt troch my net tte."

"In tt", ropt hy, n wurdt aktyf.
Dat ha 'k fortsjinne, blinder.
Ien lzich ttsje is it taryf.
Ik doch it net foar minder.'

"Se stapte fuort....En dr't se stie,
dr foel de snie by tommen.
En by de wyn, dy"t twaeid wie,
bigoun in stoarm to kommen.

Noch nea hie, as op dizze joun,
sa feal en skier de wrld west.
Noch nea hie Simen, oars wol soun
sa trilderich en kld west.

Hy koe der net goed by, mar oars:
hy hie syn bloed opdronken.
De wjerljocht spile 'm om 'e noas,
syn eagen skeaten fonken.

Hy rp - doe't er wer prate koe -
sawn kear fan 'snotfordikke".
En biet, omdat er bite woe,
twa stikken t in hikke.

Doe socht er om syn rostich ms,
en kraeide as in hoanne,
en taestte nei syn lsjefrs,
en rp: "De boel sil barne".

Mar beide wapens wiene ths.
Yn d' oare broek. Forgetten.
Doe skeat er fuort, hwat stiif fan krs;
dr wie de kjeld yn sketten.

Syn pet gyng mei syn hier oerein.
Hy skriemde hagelstiennen.
En oer de baen, it hiele ein,
rinkinkelen de triennen.

Hy sloech de skossen t 'e baen,
en rekke op 'e kletter.
En doe 't er by in brge kaem,
fleach hy himsels topletter.

De plysje liet de saek blau-blau,
de brge is wer makke.
Mar snt dy tiid is Longerhou
foargoed yn oansjen sakke.

Noch sit yn 't izer syn profyl,
en, dr't de ferve swart is,
sjocht elk, hwat yn Eksmoarstersyl
yn sawn-en fjirtich bard is.

De faem kaem nea it hs wer t.
It spket lns de kimen.
By jountiid heart se: "Tt-tt-tt,
hwer bliuwt de tt foar Simen?"
 

 


Sjouk fan Longerhou

 


Yn Longerhou dr wennet in faam,
dy't opnimt tsjin de sinne.
Want nea noch seach  ik eagen sa klear,
as by dy faam dy allinne.
Refrein:
Dy faam sa kreas, dy faam sa kein,
dy swar ik ivich trou,
want nea noch  seach ik eagen sa klear,

as by Sjouk fan Longerhou.

It ljocht, de wyn, de blommen har geur,
dy binn' oan har besibbe.
O, fgels bring myn wurden har oer.
Hja is myn doel yn it Libben. 
Refrein 
In spylman biedt jim net folle
oars as lden dy't fersilje
Mar ik krij myn kns as 'k aanst yn it doarp
oan har doar fol ferwachting skilje.
Refrein